Oan Koudum

Myn Doarp

Myn berteplak wol ik besjonge
As it moaiste plak van 't gea
Moaijer plakje fynt man nea
Mei dyn bou en mei dyn greiden
Dyn tsjerke mei syn spitse toer
Fanôf dyn allerheechste hichten ) twa kear
Sjucht men fier de flakten oer.    )

It is it plakje wer wy boarten
Hwer wy diene goed en kwea
Hwer wy yn 'e skoalbank sieten
Né dat plak ferjit ik nea
Yn dyn Singel, om dyn beamen
Boarten wy as bern krijoan
Nea sil ik dat plak ferjitte            ) twa kear
Ik tink oan dy, 'k wit alles skoan.)

Bist do Kâldum oan 't feroarjen
Oan 't forgreatsjen elke dei
Sjuch dyn wegen, sjuch dyn skoallen
Mar dat nimt it plak net wei
Né wy ljeafje dy allyk sa
Ek as 't er faeks oars hinneleit
It is in plakje hwer't wy boarten  ) twa kear
It bliuwt 't plak fan Men en Heit. )

Wize: It Heitelân

Troch:
Izaak Kuipers Pzn te Drylts (berne Koudum 1886)


Izaak Kuipers

Mear oer de Kuipers' yn Koudum: klik hjir.