Wurk fan Pieter de Vries

Pieter de Vries, Galamadammen by Koudum, 5 juny 1932, Drachten 16 des. 2003. Syn heit en mem, Jan Jacobs de Vries en Wytske Pieters Wesselius, buorken foar de oarloch op'e Dammen, op de pleats tsjinoer it restaurant, oan de oare kant fan de dyk. Yn de oarloch, om 1943 hinne, kaam it gesin op in lyts pleatske yn de hjoeddeiske Jacob Binckesstraat. Net lang dernei op Molebuert, op it spultsje fan Jabiks Jeltsje, syn pake en beppe. Hy wie de twadde fan sân bern, allegearre jonges, útsein de jongste. Tjeerd, de jongste broer, is as jonge ferûngelokke mei hynder en wein. Pieter mocht trochleare fan syn heit, mar allinne op de lânbouskoalle. Hy krige letter in betrekking by de lânboufoarljochting en troude mei Gé van der Wij. Sy wennen yn Drachten en krigen trije jonges, dy't alletrije oan de keunstakademy Minerva in Grins studearre hawwe. Simmerdeis, yn de fakansje en yn de wike-einen, wie it gesin in soad op de Kuilart te finen, yn de steancaravan.

Thús siet Pieter, dy't him letter koartwei Pyt neamde, alle frije oeren te tekenjen as te skriuwen. Hy skreau Frysktalige toanielstikken, kluchten, en ek wol revues en regissearre dy faak sels, by selskippen út Drachten, Aldegea (sm) as Koatstertille. Yn Koudum, yn de Klink, hat er mei syn bruorren, suster, skoansusters en guon omkesizzers as spilers, mei grut sukses û.o. de kluchten Serenade foar Beits en de Túsfleanders útfierd, dit wiene twa fan syn toppers.

Hy tekene en skildere, sawol akwarel as akryl, mar syn etsen binne it bekindst. Altiid warber en dwaende mei it ien as oar, hat er hunderten makke. It underwerp wie meastentiids in gebou as in lanskip, hy hold fan it Fryske lânskip. It tekenjen fan minskefigueren besocht er te mijen, want dat gie him minder goed ôf. Thús op syn eigen pers, koe er de etsen drukke, der hat er dan ek in soad fan makke. Hy frege in minimale fergoeding foar syn wurk, as hy joech it wei, want hy fûn dat it tagonkelik wêze moast, leechdrempelich. “Ik hoech der net fan te libjen”, sei er dan. “As ik ien bliid meitsje kin mei in ets as in skilderij, dan bin ik bliid  mei.” Mei syn etsen stie er yn de fakânsjes ek wol op simmermerken, dan wie er tegearre mei Gé op paed.

Boarne: Bonne Steinstra, LC, 5 maart 2010  


Pieter de Vries
(foto: Tresoar, Friese Literatuur Collecties)


Visitekaartje
(via Els Runia)


Ets troch Pieter Jans de Vries mei de titel "Oan'e Morra". Hjirop binne it fiskershúske en de fisktsjotter fan Everen de Vries út Warns te sjen.
(ynsjoerd troch Jappie Hornstra)

"Giele brêge" is de titel fan dizze pintekening, makke foar in kalinder. It is de brêge dy't no Kramersbrêge neamt wurdt. Ynstjoerd troch Maaike Abma út Italië.

"Snakke Koudum". Ynstjoerd troch Anne Jan Schaper.

Meer wurk fan Piet de Vries: Op'e Syl en it hûs fan Stellingwerf op'e Snakke.