| Alde
ferneamde herbergen yn it Fryske lân
Galamadammen
Galamadammen
en net Gala-madammen, neffens it Hollânske grapke, dêr't de jimmer
geastige hear van Lennep syn troch tûzenen Friezen mei grutte nocht lêzen
"Roos van Dekama" mei útein set.
Galama, in troch alles hinne Fryske namme, ferneamd yn de histoarje, hat
seker wol neat mei gala út te stean.
Hjirre, op dat smelle skied tusken Moarre en Fluessen, dêr moat in gebou
ferize en, dat dêr steeds hwat omhear gongen is, dat wiist de Stêds- en
Doarpskronyk fan Wumkes wol út, want yn it earste diel wurdt it net
minder as seis kear oanhelle.
Foar it earst yn 1708 as Gedeputeerde Wyckel kommitteard wurdt om mei de
eigeneresse fan Galamadammen te praten oer it meitsjen fan in skou en in
reglemint op'e tollen. Dêr snie dus it mes oan beide kanten, tol op'e wei
en tol op it wetter.
Yn 1764 in berjucht oer it ferhieren fan de pleats oan de Galamadammen
"met tollen, overzetten, visscherijen, huizinge en herberg,
condities bij oud-secretaris Galtema aldaar."
Yn 1768 wurdt dêr publyk ferkocht: Galamahuis te Koudum met Koetshuis,
hoving etc.
En yn'e simmer fan 1785 is dêr in fleurige dei op Galamadammen.
"Ringrijden van knechten en meiden op paarden. Om een gouden ring en
een zilveren mes".
Dat is sawat it ferneamste yn dy ieu. Bewiis genoch, dat it dêr op
Galamadammen altyd in fleurige, ja, mûlk wol in grutskeepske hofhâlding
wie. Dêr hawwe al moai wis mear gebouwen stien. Yn de herberch is noch in
sierlike byldhoude wenteltrep oanwêzich, dy moat oerbrocht wêze ut it
âlde hearehûs oan de oare kant fan de brêge, sa't my ferteld is.
En noch altyd sil men yn Fryslân omdoch in waardshûs sykje, dat mear
toant as ditte.
Sa tocht ek ik, doe't ik ferline wike op in moarntiid fan Koudum
ôf
kaam. It wie in prachtdei foar dizze reis, t.w. klearebare stoarmwaar, mei
allerkreftichtste wynflagen út it Noardwesten. Ik koe noait moaier foar
dit doel. Mar ik makke de reis fan stasjon Koudum nei't doarp yn in hean,
lyts brikje mei in wite kêde dêr foar en trije, min as mear skrutele
froulju as selskip. En dy hienen mar swak moed dat dy lytse kêde de
wynpûsten net ferneare koe, mar hy bleau krankyl midden op'e dyk en
strûpte
ek net foar de hege brêge op. Prompt midden yn't doarp setten wy wer de
foet op'e grûn en dêrwei nei de Daam foardert yn'e wyn op in healoerke.
En ja man, as jo dan op'e Daam steane en dy stoarm komt oer de
Moarre brûzen sadat oer eltse tonne yn it farwetter in hege kaam wyt skom
hinne spat en einen wei stout en dat dy sterke wylde stream yn dat inge
brêgegat de oanjeiende weagen oerelkoar hinne skolpert en polsket en op
nei de Fluessen ta spielt, en jo steane dan mei beide hannen oan de hoed en
mei wyld fladderjende broeksboksen. Ja, dan is de minske in neatich wêzen
en de herberch in kastiel. Dan strampelt hy nei in lang set swijend en
ûntsachfol skôgjen út dit trelit fan waar en wyn wei en bejout him nei
de tapkeamer en komt dêr ûnder de hege swiere balken wer ta syn wee, hy
sjucht om him hinne, hij stapt nei de wand en sjuch, dan hinget dêr noch
presys op itselde stee as ryklik hundert jier ferlyn, it "Tarief
van de Galamadammen".
Al moai beslist op itselde stee, dêr't it no al langer as hundert
jier hongen hat en mûlk stie de achte hear Jacob van Lennep, doe't hy
troch syn goekunde noch "Cootje" neamd waard en mei syn
freon Dirk yn 1823 geandefoet Fryslân bereisge (en fierders hiel Hollân)
doe ek ris op dit plak en bestudearre it "Tarief". Net ditte,
want
dit is opmakke de 25 maart 1836 en befettet de nammen van alle soarten
minsken, boaten, skippen en weinen, dy't rinnende of farrende de Daam
passearden.
Dat wie yn 1836. Mar op't stuit, dat ik dêr stie, do skode dêr just wit
hoe heech in eskader Anglo-Amerikaanske fleaners mei swier dreunende
motoren
troch de wyld jeijende wolkekloften op nei it Easten ta.
Boppe oer de Galamadammen.
En op dat soart hie dy
iverich skriuwende klerk fan Ao. 1836 fansels net rekkene.
Nee, dy hie him útlein op wat hy foar syn eagen bewegen seach. Bygelyks,
"Iedere praam door de brug varende 2½ ct. Een
schuyteturf, een last zaad, een vracht dong ensf. Mitsgaders alle reauwen,
pipegalen ensf. Oan de man mei de bilwein ta, moast offerje. Ien
sint".
Dit mirakel hat noch duorre oant in pear jier ferlyn ta, doe hat it Ryk de
tol op'e wei ôfkocht en dy op it wetter oerkocht foar de somma fan
fjirtichtûzen gûne fan Douairière Spengler van Bosse, de masteresse fan
alles wat op'e Daam stiet (herberche esf.), behalve de brêge. Hoe't dat no
sit, oft hja dêr dochs tol hefte, wit ik net, ik bin mei dy winsânsjes
net bekend. Ik woe mar te kennen jaan: hjir
is wat, hiel wat feroare.
Lit ús sizze gâns.
En om dêr no fan op'e tekst, dan moat ik de hear J. de Bos no
oankundigje, kastlein op Galamadammen, fansels, de frou ek want, mar sa
wiis is elts wol, in wettersporthotel, dat fereasket de tawijing fan
beide, man en frou.
J. de Bos is hjir allinehearsker oer de brêge, de herberch, de wente en
it paviljoen. In man fan kwizekwânsje dus en as sadanich ek wol bekend yn
Hollânske wettersportfermiddens.
In flotte sljuchte man, op't bêst fan't libben, net folle fiven en seizen
en wol genegen om wat te fertellen oer de Daam en wat dêr mei anneks is.
Sa bygelyks oer de Tol; dêr hawwe ek nuvere koarjedommen west, want dêr
binne ek nuvere minsken. Lit dêr ris immen passearje dy't earst net
bitelje wol en dan alhiel oerémis in bankje fan hûndert út 'e bûse
skuort
en seit: wikselje dat no mar.
En lit no sa'n minske no dochs noch nuver te pal komme en mei 77 goune,
allinne oan sinten swier ôfladen wer it paad nei de bedelte sykje moat,
flokkend en stinnend.
Sjuch, dan is dêr yndied tol
betelle, mar net net alline foar it gean oer de brêge.
Ei, jawis, in man dy't hjir wennet op dit stee, dêr't safolle aksje is, to
lân en te wetter, dy hat hiel wat te fertellen. Want dy badgasten, om se
sa mar te neamen, út Hollân en sa wei, dy hawwe soms ek nuvere oanslaggen
en fiere wûnderlike stikken op meienoar.
Dit beheart ta de nijere skiednis van Galamadammen, dat is te sizzen
sûnt 1933. Yn dy nijere skiednis ûnderkenne wy de liedende hân en de
ûndernimmingsgeast fan de Bos, dy't hjirre yn dy tsien jier tiid in, foar
de wettersport neat mear betsjuttend hotel, wer fol gasten wist te krijen,
de hiele simmer lâns, ja fan ryklik Maeije oant Oktober ta. Dat hat gâns
wurk en ûnkosten ferge. De boppeseal fertimmerje ta kreaze keamers en
keamerkes, húsrie, bedderij oantuge, wetterlieding, elektrysk, Butagas,
alles wat de gasten easkje.
No kin it bisjen lije, sawol ûnder as boppe en wurdt simmerdeis alhiel
troch de útfanhûzers ynnommen. Tige meienoar, ien femylje moat it wêze
op'e Daam, dat is it paroal neffens de Bos. Nofliker foar de lju sels en
foar de betsjinning. Gjin Gala-madammen
op'e Galamadammen.
By it hotel beheart ek buorkerij.
Ik ha in moai aerdich bûthús sjoen mei sa'n 10-12 kij, trije keallen en in
bêste sûch en hearde ek biggen. Mar boppe al, wat stie dêr in bêste
Fryske merje op stâl, in dochter fan Obscurant. Te deale wat in pop.
"Dy foar it concoursweintsje, dêr helje ik simmerdeis myn folk mei
fan Koudum", sei de Bos. Mar hy liet my in foto sjen, dêr sitte de
frou en hy op it weintsje en dan túcht it knap genôch foar in rûntsje om
'e grutte Baan te Ljouwert.
"Mei túge man!"
"Net oan tiid, simmerdeis", seit de kastlein. En no moat ik it
paviljoen ek noch neame. Stiet oare kant de brêge en de boaijum fan de
Moarre is foar baaien tige geskikt, hurde sângrûn.
Sa libbet dat hjir op Galamadammen. Winterdeis iensum, simmerdeis fol
fertier. Silen is no tydlik ferbean. mar fansels boatsjefiskjen net.
Gaasterlâns bosken binne tichte by.
En aanst komt dêr grif wer in tiid dat it skom net mear oer de tonnen
yn de Moarre hinne spat en de sinne blinkt oer in stillere moaie wrâld.
En dan is hjir grif wol te wêzen.
R.B.
|