|
Sipke Romkes Feenstra 1872-1963 hat yn syn Boek “Koudum yn myn bernejierren” ek skreaun oer de ramp mei de Willem III,
hy wie mei dat barren doe sawat 5 jier.
It wie woansdeitemoarn de 31e jannewaris fan it jier 1877. Wy sieten oan'e breatafel.
Douwe Haitses (Visser) kaam de buorren del. Hy soe bepaald ris by syn skipke yn'e Symkewyk sjen.
It hie de nachts nammentlik stoarmwaar west.
Lolke Dokkum kaam mei it pak (manufacturen) de strjitte op. Hy soe bepaald nei Himmelom of de Wâlde.
Flak foar ús glêzen metten hja mekoar en as Douwe efkes in praatsje meitsje sil komt Josep
Skuur (Schurer) mei tûzen hasten oanrinnen en hat bepaald wat hiel earnstichs te fertellen, teminsten te sjen hoe't dy, oars sa egale beide mannen út it stjoer reitsje.
Heit seach dit en moast der fansels dalik mear fan witte. Doe't hy wer yn'e hûs kaam, sei er: De Koudumer boat moat ferûngelokke wêze en der
binne gâns wat deaden, nei't hja sizze.
Wat ik hjir noch fan wit is dat mem alhielendal fan 'e wize rekke en dat der buorfroulju
by te pas kamen.
Heit hie de foarige dei ek mei dy boat wollen, mar hja hienen harren fersliept en om’t heit
net fluch op 'e gong wie, koe hy neat ier genôch op 'e Dammen komme.
De boat, "Willem III", kaam nammentlik fan Staveren, dan die hy earst Warns oan, en
dan op'e Galamadammen wie it "stasjon", sil ik it mar neame, foar Koudum.
Yn'e grutte tsjerke yn Koudum hinget boppe de tsjerkfâdebank in boerd oan ‘e muorre;
mei moaie krolletters, sa't men se no mar kwaliks mear meitsje kin, stiet der yn simpele
wurden in fers op skreaun. It handelt oer lang, hiel lang ferline tiden en fertelt wat frees-lik lijen doe de iene groep minsken de oare oandien hat. Faak haw ik wol foar dat boerd
stien om te besykjen oft ik tusken dy rigels troch ek mear fan dat freeslike barren gewaar
wurde koe as dy inkelde wurden fertelle. Mar dat woe nea. Pake hat ús wolris it ien en
oar deroer ferteld, sa't it him dan ek wer ferhelle wie, mar hoe mear hy fertelle koe, hoe
mear der te freegjen oerbleau.
Ien fan dy rigels, ik mien de twadde is sa, as ik it noch goed ha: "In Coudum groot jammer
men sag", en dy wurden wienen alhiel fan tapassing op dy woansdei 31 jannewaris en de dagen dy't der op folgen.
Folle wit ik der oars net fan as by oerlevering, want ik wie noch mar in jonkje, mar ik wit
noch sekuer, dat myn broerke en ik mei mem oan'e han tusken in hiel bulte oare minsken
bij de tsjerkehikke stienen en ik sjoch noch klear dat der trije kisten efterelkoar om it hof
hinne droegen waarden en dat der in hiel soad minsken efter rounen en alles wie swart as de
nacht en dat gesicht hat my nea wer loslitten.
Der lei in swiere druk doe op'e minsken en it wie ek in freeslike ramp. Der wienen fjirtjin
minsken by om it libben komd sa't letter bliek en yn it doarp en omkriten koenen de minsken
mekoar sa goed wol, dat de iene it leed fan de oare hielendal oan- en meifielde. Ja, it wie
doe ek wol sa hear: "In Coudum groot jammer men sag".
Hoe oft it dan allegear krekt gien wie?
Wat ik der fan wit is wat ien fan de minsken, dy't it meimakke hie, my ris ferteld hat,
doe't wy der ris in pear oeren rêstich by sitte koenen. Hy wie in kalm en bedaard man. Lit. ik
him mar Douwe neame. Syn ferhaal is omtrint sa: Doe 't de boat dy tiisdei neimiddei út Snits:
gyng wienen der fiersten tefolle minsken oan board. It waaide hurd en it wie o sa kâld. Inkelden koene net iens plak krije yn ien fan de kajuten en boppe op wie it net noflik te wêzen.
Mar der siet oars net op. Elk woe graach mei en yn Heech, hie men hope, soenen der wol frij
wat minsken ôfgean. Dat kaam ek sa út. Der gyngen inkelden ôf en ien nije kaam der bij,
sadat de boat de mar ynstiek mei 37 passazjiers en seis man boatsfolk.
It wie stoarmwaar wurden en hja wienen noch net botte fier, doe sloech der ien fan de
fierstente grutte ruten yn 'e efterste kajút kapot en kaam sa no en dan in grutte flap wetter
nei binnen. Mei man en macht waard besocht dat gat safolle mooglik mei in taffeltsje of
wat sekken ticht te hâlden, mar it joech net folle en it duorre net sa hiel lang of ek yn de foarste kajút sloegen trije rúten kapot. Doe waard it allegearre wetter en elk dy’t koe begûn mei sekken en sa, safolle as it koe dy gatten ticht te hâlden. En yn dy bedriuwen waard
it in gerop en geskreau tsjin elkoar. De iene helte woe nei de wâl en de oaren woenen trochsette en om't de lêsten it machtichst wienen waard der dan ek besletten om troch te gean.
Der soe dy jûns yn Koudum yn 'e grutte tsjerke sprekkerij wêze. Mr. Kerdijk en dûmny
Tinholt soenen prate oer iepenbier en bysûnder ûnderwiis en der wie my wol faak ferteld dat der in partij fan dy mannen dy't trochsette woenen hinne moasten, mar myn âlde freon Douwe sei, doe't ik dit oppere, dat hy der neat fan fernomd hie, mar wol dat hja allegear graach nei hûs woenen, want dy hiele lange kâlde nacht dêr op dy boat trochbringe as wie it dan oan 'e wâl en dan opinoar plakt as hearingen yn in fetsje, der hie nimmen sin oan.
Fansels, hie men alles foarút sjoen, ja, dan wie men yn Snits net iens op dy
boat stapt,
mar hie sjoen in ûnderdak te krijen. No gyng it op hûs oan en elk hie it folste fertrouwen yn'e lieding en yn'e seeweardichheid fan dy boat. It wie in nije ferskining yn'e Súdwesthoeke, wêr’t in houten skip, en oars wienen der doe noch net,
it net bij helje koe, yn fierste fierte net. Dus mei moed en betrouwen der op los.
Mar o heden. It duorre mar efkes en dêr fielden hja in skok. Hja hienen de grûn rekke.
Hja kamen wer los mar fuort dêrop wer in skok en dy kaam sa bot oan dat it roer sloech
kapot, de boat kaam wer los, rekke wer yn djip wetter en om't it stjoer fuort wie kaam it gefaarte dwerssee te lizzen.
Doe wienen yn in hiel koarte tiid alle rúten kapot en streamde it wetter sa hurd as it koe
foar en efter nei binnen en elts fleach sa hurd hy of sy koe nei boppen en doe fansels
allegear nei de lijkant. Doe 't hja it gefaar fan kanteljen seagen allegearre nei de oare kant,
mar doe gie de boat ek wer oer.
Sa hurd it koe kaam it wetter nei binnen, it kaam by it fjoer en doe koe de fluit ek net
mear brûkt wurde. Noch efkes, doe strûpte it dek ûnder wetter en doe't de kiel de fêste
grûn te pakken hie, wie der fan de boat oars net mear to sjen as de skoarstien en in inkeld
stikje fan de ferskânsing en sa stienen trijefjirtich minsken en inkelde bisten mei in lange
kâlde jannewarisnacht mei stoarm en hagelbuien om harren hinne en de minsken omtrint
oan 'e mul ta yn it iiskâlde wetter dêr op 'e Hegemermar sûnder ek mar in bytsje hope dat
der guon yn it spier komme soenen om harren te rêden.
Wy kinne ús dat net mear yntinke. As it no barde en dy boat wie in oere oer syn tiid, ei
no, dan tillefonearre men dôchs út Koudum of út Staveren nei Heech en frege hoe sit dat,
wer bliuwt de Willem III en blykte it dan dat dy boat op'e mar omdobbere, no dan wist
men wol, dan wie der eat net ynoarder en stjoerde men in pear flinke motorboaten der op los
om de hiele mar ôf te ljochtsjen en sa gau as it koe dy minsken te helpen.
Ja, sa soe it no gean. Mar doe wie der fan tillefoan en fan motorboaten en fan skynlampen neat bekend en yn Koudum, Warns en Staveren tocht men: de boat is yn Heech bleaun
en yn Heech tocht men: hja binne al lang de mar oer.
En wilens wienen foar dy minsken derre de minuten oeren. It wie in gerop om help, dan fan
ien, dan fan mear tagelyk. Sa no en dan lieden hja de belle, mar it joech allegearre neat,
nimmen hearde it, de stoarm wie oermânsk.
De lûken dreauwen fan 'e rommen, sadat it ek o sa gefaarlik waard om hinne en wer te
gean. Dy't yn it rom terjochte kaam, wie daalk ferlern.
Freeslik moat it wêze wat dy minsken dêr dy nacht trochmakke hawwe. De hiele nacht
hawwe der tsien manlju op'e tsjettelkast stien mei oars gjin hâldfêst tsjin de stoarm as allegear ien han oan in keatling dat om'e skoarstien lei en dy tsien hienen it bêste plak.
Trijentritich oare minsken, wêrûnder in pear froulju, stienen yn it iiskâlde wetter en der
tuskentroch wrotten inkelde bisten ek yn deabenaudens om. It wie dan ek gjin wûnder dat
der sa no en dan ien wei waard, sûnder dat immen it murk, elk skynde mear as genôch
oan himsels to hawwen.
Doe it begûn te skimerjen, de oare moarns, seach men earst it ôfgryslike. Alve minsken
en inkelde bisten dreauwen dêr om de noch libbenen hinne en elk foar oar tocht sa komt it
mei mij ek. Letter blykte it dat der ek noch trije minsken oer board spield wienen.
Mar it waard ljocht en de stoarm bedaarde in bytsje. In nije dei, nije hope, nije moed.
En ja, sjoch, kaam dêr net in skip oan út Heech wei? jawis. Mar wat no? Gyng it troch?
Harren foarby? Seach dy skipper harren dan net en hearden hja harren needgerop dan net?
Nee, dat needgerop klonk net sa lûd mear en dy skipper, Age Feenstra, de fearskipper út it
Heidenskip, dy't de jûns yn Heech lizzen bleaun wie, hie mar ien doel foar eagen: de
Heidenskipster feart. Dêr moast hy hinne en de mar wie nochal oerstjoer, sadat hja de
hannen te fol hienen om folle om harren hinne te sjen. Dêrby kaam, hja hienen hielendal gjin
betinken op dy boat. Hienen hja dat hân, jawis, dan hienen hja omsjoen en dan ek holpen.
jawis, fansels. Mar foar dy minsken wie it in klap. Hja hienen safolle as hja it noch koenen,
roppen, swaaid mei de earmen, lieden mei de belle, mar it wie allegear om 'e nocht. Hja
wienen wer safier hja eagje koene fan alleman ferlitten.
In foech oere letter mienden inkelden fan harren oft it krekt wie oft dêr hiel yn 'e fierte op'e
Wâldwâl (Aldegea en Kolderwolde) in pear minsken stienen te digerjen harren kant út. Mar och, it duorre mar efkes, doe wienen hja ek wer fuort. Mar dôchs nei in skoftke kamen der mear minsken op 'e wâl en it duorre net lang of inkelde fan de manlju dêr op dy tsjettelkast seagen dat der aksje kaam yn dat ploechje. Hinne en wer gerin en sa. Dan gyngen wer inkelde fuort, mar der kamen ek wer bij en der stie op it lest in hiel ploechje.
It duorre net lang, der kaam in mêst oerein en noch efkes, doe rop ien: In seil mannen, hja
hawwe ús sjoen, ja, der komt in skip op ús oan. En ja, doe gyng it op in skriemen en laitsjen
tagelyk. Want it wie wier: der kaam in skip oan en dat betsjutte foar dy minsken: rêdding.
Hoe? Dat wisten hja net, mar yn elk gefal noch efkes en dan koene hja dat beheinde plakje
wêr’t de dea fan alle kanten drige, ferlitte en dat wie doe foar de measten it iennichste
útsjoch.
Doe't it skip oan 'e boat fêstlei, wienen mar inkelden yn steat in foet te fersetten om op dat
skip te kommen: de measten moasten der hinne droegen wurde en doe't alles oan board wie,
sette dy skipper mei syn noedlike fracht koers nei de Galamadammen of nei de dammen,
sa't wy yn Koudum altyd seinen.
O, dy moaie dammen. As it winter wie, no dan moast de froast al hurd oanpakke as men der yn 'e Súdwesthoeke, wêr’t men tusken de slúzen fan Staveren, Molkwar, Hynljippen en
Warkum yn siet, fan de farwetters gebrûk meitsje koe. Mar dat wie net hiel slim. Men
hie de putten en de fûgelhoeke en dértusken yn de dammen dêr’t foar it jongfolk de fioele
gyng en de skotse trije dûnse waard mei de jassen út. En as it dan ta wie oan it "Wilhelmus
fan Nassouwe", och man, dan waard der stampt oft it wie dat de lampe elke kear út en oan
pûste. En de Koudumers en de Wâldsjers en de Himmelommers en de Bakhústers, allegearre
kamen hja der op oan. Dêr wie nea rûzje, mar altyd in hiel bulte nocht.
Of as men der simmerdei siet, en seach nei it Westen, de Morra, en nei't Easten de mar
oer, ja, dat wie om nea wer te ferjitten. Kastlein en kastleinske wienen der yn dy tiden
Fimme Salmstra en syn frou "Tsjerkje". Hja hienen bepaald nochal wat in húshâlding, ik wit
teminsten wol dat yn elk gefal trije fan harren bern by ús op skoalle gyngen. Ik mien Jan
en Jantsje en Berend.
Ik soe dy poepen miskien noch wolris wat ferjaan kinne, mar nea dat hja ús moaie
dammen sa finaal ferneatige hawwe. Wa't de dammen nochris hiel moai sjen wol, moat ris
gean nei "Hotel de Gouden Leeuw" to Snits. Der wennet in dochter fan de lettere kastlein
Boersma. Dy hat fan'e dammen in hiel moaie print.
Mar och minsken, wat dwaal ik fier ôf. Mar ja, sa giet it, Oer dy dammen soe ik noch
wol in oere trochprate kinne, mar dêr giet it nou net oer.
Want sjoch, op dy woansdeitemoarn de 31e jannewaris fan 1877 kaam der ek gâns folk
op 'e dammen ta. Mar it wienen gjin feinten en fammen mei redens yn 'e han en kleuren
as roazen dy’t straks foar de faam in framboaske en foar de feint in sûpke foar in stoer
bestelle en it wienen ek net fan dy stille pylgers dy’t der hinne kamen om inkelde oeren troch
te bringen yn stil geniet fan it sicht oer wide wetters en hege loften en wide fierten.
Nee, dit binne minsken dy't hurd en jachtsjend rinne, inkelden hast yn in draaf. De hiele
nacht al wisten hja net wêr’t hja it fine moasten, en dy nacht wie sa lang, sa freeslike
lang. En no, no hat men sein (wa dat wit nimmen) dat der in skip op wei is nei de
dammen mei de minsken oan board fan de Willem III, wêr’t men sûnt justerjûn neat wer
fan heard hat. En ja, no rint men hurd om sa gau as it kin gewaar te wurden hoe't it mei
heit of mei de soan, mei mem of mei de dochter is, want ja, men is sa ûngerêst, sa
bang, men hat yn 'e buorren sa raar opheard. En de dûmny's en de dokters en de
boargemaster, hja geane fan 'e moarn allegearre ien wei: nei de dammen. En der op'e dammen? Der yn 'e fierte, noch al in eintsje fuort, dêr komt stadichwei dat skip oan. Fan alles wurdt al ferûndersteld en bepraat. Net lûd, nee, dat is no gjin trewes, mear temûk. Mar inkelden, dy't wat mear fan de farenswensten ôfwitte, sjogge wat dat net doocht. Der is nammentlik gjin fleugel oan ’e mêst., It is dus in skip wêr’t de dea oan board is.
En ja, doe’t it skip fêstlei, doe like it o sa min. In stik of wat fan ‘e bêstenkoenen sels oerein komme, mar fierwei de measten moasten de herberch binnen droegen
wurde. En dan leinen der ek mear as tsien, dêr't gjin libben mear yn wie en dan wienen
der ek noch fan 'e boat spield, dy moasten noch opfiske wurde. Freeslike toanielen hawwe har dêr doe op 'e dammen ôfspile. Mar yn 'e herberch sels, derwaard arbeide en holpen. Tsjerkje, de frou, hie har kammenet en linnenkast leechhelle,
en yn 'e wenkeamer de kachel goed waarm en der waarden dy minsken útklaaid en droech
en waarm rost en krigen hja droege klean oan en dan hie Salmstra yn 'e taap kofje mei in
skeut kejak dertroch foar harren klearstean en dan ite. ja, der op ‘e dammen is dy moarns
hiel wat bard dat in minske for tiden wer moed jaan kin.
De dei dêrop hawwe de Koudumer klokken oan ien stik wei hast trochlet. Eltse deade moast
ien of twa dagen foar’t hy of sy op it tsjerkhôf kaam, belieden wurde. De famylje kaam dan
yn it stjerhûs gear en de klokken waarden dan mei koarte tuskenskoften trije kear fiif
minuten let. Wie it in man, dan begûn de grutte klok earst en hâlde lêst op; wie it in
frou dan de lytse. It wienen doe neare drôve dagen yn it âlde doarp en de omkriten.
Fimme Salmstra en syn frou Tsjerkje hawwe letter in nikkelen kastleinskofjekanne krige
mei in fjoerstoofke der ûnder. Yn dy kanne stiet in ferske skreaun mei der ûnder de nammen
fan 'e minsken dy't rêdden binne. Ien en oar is sa:
|

|
ja, vreeslijk was de nacht
Nooit zal hij ons vergeten
Zelfs 't verre nageslacht
Zal die gebeurt'nis weten.
Het blijde morgenrood
Blijft steeds ons in gedachte
Toen g'ons uw bijstand bood
En veler smart verzachtte.
U, edel mensenpaar
Zij dit tot roem geschonken
Door de geredde schaar
Mocht ‘k als een parel pronken
Ter nagedachtenis
in uw fiere woning
En oog en hart gericht
tot onze God en Koning,
Wie komt die gunst te sta?
voor liefdedienst en trouwe?
Wel, Fimme Salmstra
en zijn geliefde vrouwe
|
De rêden persoanen binne: Kornelis de Boer en Harmen Velthuis, Staveren; Jakob Brouwer,
Douwe Klapper, Jakob Reinstra, Heije Cuperus, M. Roorda, Arend Gras, Berend Gras,
Koudum; Yke J. de Jong, Gerke R. v. Dijk, Anne Bajema, Pieter v.d. Zijpp, S.W. Muizelaar, Wams; Corn. v.d. Brug, Woudsend; Eeltje Elzinga, Oldeboorn , Jakob Hoekstra,
Workum; Bouwe Kooistra, Drachten; Arjen Pruiksma, Oudega (H.O.N.); Femme de Jong, Douwe Schaaf, Molkwerum; Gijsbert Asma, Lieuwe Homstra, Bakhuizen.
Eigenaardich is it tinkt my, dat it boatsfolk hjir net oan meidien hat. Werom net dat haw
ik net útfiskje kinnen. Dat wienen: Jan Zuidema, stjoerman; ]an de Jong, masinist; Freerk
Lootsma, kelner; Knillis Bouma en Lucas Kool.
De kaptein fan 'e boat, Foeke F. v. d. Wal wie mei omkomd. Ek hy leit yn Koudum op it
tsjerkhôf.
Wat dy kofjekanne oangiet? Inkelde jierren lyn haw ik ris heard doe wie hy yn
Coopersburg
to Akkrum. Der skynde doe in neikommeling fan 'e Sa1mstra’s te wêzen. Ik kin der
ynkomme dat de famylje wiis mei dy kanne is, mar sa'n ding hearde oars, tinkt my, thús yn it
Skipfeartmuseum to Snits. Dan koenen folle mear minsken der nochris by stilstean as no.
Dat wie it ûngelok mei de Willem III. Tenei ris wer wat oars.
Jitris it ûngelok mei de Willem III
Nei oanlieding fan myn relaas oer dit freeslike barren haw ik noch al in mannich fragen en
oanfollingen krige. Foar de iene sawol as foar de oare myn tank. De measte fregers wolle graach witte wa't der by dat ûngelok de dea fûn hawwe. Hja sizze:
"]a Feenstra, jo fertelle wol wa't rêden binne, mar dy earme minsken, dy't it libben der
by litten hawwe, wa wiene dat en hoe hjitten hja?"
Ja sjoch freonen, der doarste ik my net oan weachje. Mei soks moat men o sa foarsichtich
wêze en net wat sizze dat men net sekuer wit. Men soe dan minsken sear dwaan kinne en
dat wol ik mei myn ienfâldige ferhalen alhielendal net.
Ik kin der no mear fan fertelle. Fan in goefreon krige ik nammentlik in krante fan
10 febrewaris 1877 thús brocht. Dy krante, wiste hy wol, hie in swager fan him altyd bewarre
en him tochte dy moast ik no mar ris ynsjen. No Bosma, ik bin jo der tankber foar.
Mei grutte belangstelling haw ik dat âlde giele blêd trochsneupt en dy âlde drôve stoarje
stie noch ris yn syn hiele omfang foar my. It die my ek o sa goed, dat myn beskriuwing
deroer hielendal oerienkomt mei wat dy âlde krante derfan fertelt.
Alderearst moat ik noch in namme neame fan immen dy't ek rêdden is. Dat is Jotje Durks
Hoekstra fan Warkum. It wie doe noch mar in jonge en dérom sil it ek wol wêze, dat syn
namme net op dy kofjekanne foarkomt. Syn heit mei in pear oare manlju hiene him al
gau op'e skoarstien fêstbûn. Hy hat fansels ek in hiel minne nacht hân, mar hy hat it
trochstien. Ald is hy net wurden. Dat is net ien wurden fan dy jonge minsken, dy't doe
rêden binne, dêrfoar hienen hja fiersten tefolle kjeld skipe. Jotje syn heit is der doe by ferûngelokke. Syn mem en suster wennen letter yn in kreas hûs yn Koudum, der sawat flak
foar it healepaad. It wie Durk Akke, sa't hja altyd neamd waerd. Har man hjitte Durk Ykes,
dy't ek yn Koudum wennen. It wie in echte âld Koudumer famylje.
Yn myn foarich skriuwen hie ik al ferteld dat der fjirtjin minsken by omkomd wienen. It
wienen tsien manlju en fjouwer froulju. Ut dy âld krante blykt dat de jûns 0m acht oere al
twa froulju dea wienen. De omkommen. minsken hjitten: Durk Ykes Hoekstra, 57 jier;
Anne Harings Velstra, 55 jier; Petrus Attema, 26 jier; Wietse Feddes Veersma, 37 jier;
Jan Wabes de Jong, 26 jier; Pieter Annes Okkinga, 45 jier; Siebolt Feddes Wiersma, 25 jier;
Gerben Foekes van der Wal, 50 jier; Foeke Gerrits van der Wal; 37 jier; Harmen Meines
van der Sluis, 28 jier fan Langwar; Aeltsje Roelofs Hoekstra, 26 jier fan Lytsewierrum;
Symentsje Ulkes Smit, 25 jier fan Ysbrechtum; Marijke Jacoba Kapper, 62 jier fan
Easterwierrum en Sybrigje Thisses Altenburg, 25 jier, fan Easterein.
Dat binne dan de nammen fan de ferûngelokke minsken. Der wie ek noch in ko en twa
bargen oan board. Dy bisten hawwe it ûnk ek net oerlibbe.
Nea, seit de skriuwer fan dit stik yn dy âld krante, nea is der sa'n grûtte skare belangstellende minsken op it tsjerkhôf te Koudum bijelkoar west, wol ik leauwe, as op sneon 3 en
snein 4 febrewaris fan it jier 1877.
En wat ek benearjend wie? It wie moai waar, mei in bytsje wyn ú it Súdwesten en as de
Koudumer klokken efkes swijden, dan hearde men dy fan Molkwar en Warns (wêr't ek begraffenissen wienen op dat stuit) lieden.
Earst waard dy sneon Siebolt Feddes Wiersma te hôf brocht. Hij wie net troud. Dûmny
Kropveld hie yn syn âldershûs de lykrede hâlden. By de gong nei it grêf rûnen frijwat
minsken mei.
In oere letter waarden Durk Ykes Hoekstra, Pieter Annes Okkinga en Jan Wabes de Jong tagelyk te hôf brocht. Dy trije deaden waarden tagelyk om it âld tsjerkhôf droegen. De begraffenis waard hâlden út "it Wapen fan Fryslân" wei. Myn âlde freon "Jan" (Westhof) út Ljouwert hie it dus wol goed yn him opnomd, as wie hy doe ek noch mar seis jier. Do mienst ek dat der in kreupel famke yn dy stoet meirûn, skriuwst my?
Ja jonge, der komme wy bepaald nea efter, wa't dit wie. As dat bern fan dij noch libbet is it al in hiel âld minske.
De foargong bij dizze begraffenis hienen: Dûmny Heinecken fan Warkum en dûmny Kropveld en dûmny Tinholt fan Koudum. De sibben en goefreonen folgen yn rigels fan trije,
ta it tal fan mear as trijehûndert. Nei ôfrin fan de begraffenis waard der in lyktsjinst hâlden
yn 'e grutte tsjerke, wêr’t dûmny Tinholt yn foargyng. De tsjerke rûn doe fansels mear
as fol.
De oare deis, dat wie dan snein 4 febrewaris, waard Foeke Gerrits van der Wal yn Koudum
te hôf brocht. Ek bij dy begraffenis hie dûmny Tinholt de lieding en waard de lyktsjinst wer
yn tsjerke hâlden. Foeke van der Wal wie trije moannen lyn nei Nijegea gien te wenjen,
foarhinne wenne hij yn Koudum, wêr’t dan ek de famyljegréven wienen. Heit en pake hawwe
my ferteld, dat Van der Wal fan bigjin ôf oan eigener en kaptein west hie fan de Willem III,
mar dat hij de boat ferkoft hie oan Knillus Sjoukes Bouma fan Koudum (Cornelis Sjoukes Bouma en Johanna Riesewijk ) en in man fan Bakhuzen en dat dit no van der Wal syn léste reis wie as kaptein.
Fan "master Sjouke" út Amsterdam krige ik in brief, wêryn hy seit dat net v. d. Wal, mar
Knillus Sjoukes dy ûngeloksreis al kaptein wie. Ja, bêste freon, it kin bêst wêze dat it wol
sa is sa't jo it sizze. Der feroaret it gefal net in soad om. Hertlik tank foar jo brief hear.
Ut dy âlde krante blykt ek noch dat der ek minsken ferpleegd binne yn de boerepleats dêr
op'e dammen. As boer wenne der doe Jan Hantsjes Hiemstra.
Fierder wurdt der ek noch sein dat de frou fan de feedokter Pol (Hillebrants hjitte hja fan
harsels) ek tige mei yn 'e skrep west hie en ek in fernaam oandiel hân hie yn it helpen fan
dy earme minsken wêr’t sa goed as gjin libben mear yn like te wézen.
Sjesa. Dit wie noch ien en oar oer it ûngelok mei de Willem III. Ik miende dit noch efkes
fertelle te moatten. Jitris foaral myn tank oan al dy minsken dy't, is it mei in brief of sa
persoanlik, blyk jouwe fan belangstelling yn dit âlde barren.
|
|
"Een stoombootramp die aller gemoed met deernis
vervulde"
It
drama op ‘e Fluezen yn 1877
Op
30 en 31 jannewaris 1877 hat him in ferskrikkelik drama ôfspile op ‘e
Hegemermar/Fluezen.
Yn
alderhande kranten en geskriften út dy tiid en lang dêrnei is hjir in
protte omtinken oan jûn. Wylst in iiskâlde, fûleindige stoarm oer ús lân
raast, rekket de stoomboat Willem III yn grutte swierrichheden. Troch
wiette, kjeld en útputting komme dêrby fjirtjin minsken om.
De
30e jannewaris 1877 is in tiisdei, merkdei yn Snits. Fan hein en fier is it
folk nei de stêd ta tein; rinnende, mei hynder en wein of mei ‘t
fearskip. Krekt bûten de Wetterpoarte, yn'e Kolk, leit de stoomboat
Willem III út Starum wei, foar
de wâl. Op syn feste rûte
oer ûnder oare Warns, Koudum, Nijegea,
Heech, Osingahuzen en Drylts binne bij de oanlisstegers ferskate reizgers
oan board
stapt en de bemanning hat rûnom fracht en fee ynnommen.
Om't
it waar dy tiisdei hieltyd ûnlijiger wurdt – “Het weer was ruw
en onstuimig , ‘t woei reeds hard en onheilspellend stond de lucht”-
wol men de middeis- nei oerlis as it wol ferantwurde is te gean
net te let op hûs oan. Alhoewol 't twa reizgers der noch net binne
nammentlik in keunstskilder út Arnhem en de
Starumer Anne Harings Veldstra, set men presiis om twa oere ôf. De lêste
persoan, Veldstra dus, kin troch tige hurd te rinnen earne fierderop doch
noch fan 'e Willem III oppikt wurde. Oan board is safolle folk dat se net
allegear in plakje fine kinne yn ien fan de beide kajuten (foar- en
efterkajút); de lêsten moatte oan dek bliuwe, net
noflik mei de kâlde hurde wyn
en bijtiden in fikse sniejacht. Lokkich wie hjir en der wol in lij plakje te
finen. Yn Drylts en Heech binne de earste passazjiers te plak en stappe fan
board. Dat jout romte. Eltsenien kin no noflik ûnderyn sitte. Dêr is ‘t
waarm en gesellich. It waar is wol sa ûnhuer wurden dat yn Heech oerlis
plak hat oft it wol betroud is de Mar op te gean. Guon stelle út om hjir
mar te oernachtsjen, mar de measten wolle der neat fan witte hja doarre it
wol oan mei dizze betûfte bemanning, want
de meesten waren ervaren schippers en met het vaarwater
volkomen vertrouwd. Zij geven niet de minste blijken van vrees”.
Ien persoan dy’t Heech net as doel hat stapt hjir ôf. Hij doart it net oan en gean fierder. Mei
43 persoanen oan board -seis bemanningsleden en 37 passazjiers (fjouwer derfan binne
froulju) fart de Willem III de Hegemermar op.
Noch
altyd hellet de westewyn oan mar it folk bliuwt kalm; men is wol wat wend.
As hja De Gastmar
naderje, geane der wer stimmen op om hjir dôchs mar de wâl op te sykjen.
Der
wurdt lykwolks net harke nei dyjingen dy’t it efternei wol bij it
rjochte ein hawwe.
Guon
ha harsels al ryklik moed yn dronken (der is taperij oan board) oaren wolle
perfoarst dyselde jûn yn Koudum in gearkomst bijwenje, dêr’t it liberale
keamerlid Keerdijk sprekke sil.
Nei
de Gaastmar hâld kaptein
Cornelis Bouma út Koudum safolle mooglik
“den
opperwal” de hege wâl oan, sadat se minder lêst hawwe sille fan
e weagen. Der wurdt beslúten
Nijegea (Ealahuzen) mar foarbij te farren, de mar oerstekke is noedlik mei
dit waar. Men hat ynearsten mar ien doel: de Galamadammen helje. It sjit al
moai op.
“Het
einder was in zicht . Nog slechts één kwartier en men zou over het
Feitezand door de rustiger Oorden en de stille Kuylart een veilige ligplaats
hebben gevonden aan de Galamadammen. Helaas !”
Ynienen
hearre de reizgers yn '' e
efterste kajút in hurde klap en glêsgerinkel. Ien fan ‘e rúten is
stikken rekke. Der soe in koarksek tsjinoan slein wêze, miene guon. Mar oft
dat sa is? Efkes letter giet
der al wer ien. Mei eltse hege golf komt der in kâlde fluts wetter nei
binnen ta. Mei sekken, kleden en kjessens besiket men de gatten te tichtsjen
“ten
einde de boot voor zinken
te behoeden” mar it slagget net. It wurdt wynderich yn 'e kajút,
kâld en wiet. Alle
gesellichheid is ynienen fuort. De passazjiers betrouwe it net langer
en sykje it dek op.
Út
'e foarste kajút komt ek in man nei boppen ta . Hij hat bloed oan ‘e
han en oan ‘e holle. De man siet deun bij in rut dat oan gruzeleminten
rekke is. It liket net bêst, se komme no allegear nei bûten ta. Om’t
elkenien oan ‘e lijkant stean giet , besiket de skipper se te sprieden; de
boat moat net om. Ien fan de
reizgers trunet him mei klam oan om de kant op te sykjen; tichteby is in
ynham, it Wolvegat. De skipper is it mei de man iens, mar de measten wolle
perfoarst fierder. Ûndertusken is de bemanning mei help fan 'e
passazjiers al begûn it wetter út ‘e kajút nei bûten te pompen. It
jout lykwols neat: hoe hurd hja ek pompe, der rint mear wetter yn ‘e boat
dan hja der útkrije. It is
hopeleas.
Dan
bart it alderslimste. De efterein fan ‘e stoomboat rekket efkes in sânrechje.
Der giet in ferheftige skok troch it ‘t skip. Al is de gong der noch net
alhiel út, de boat lit him net mear stjoere: it roer is brutsen en de
skroef docht it net mear. “Nog
slechts enkele slingeringen en de Willem III zonk naar de diepte tot ver
beneden het dek; zodat al de passagiers een
schuilplaats hadden te zoeken omhoog of een houvast aan de verschansing om
niet door de golven meegevoerd te worden, die anderhalve voet hoog over het
dek sloegen”.
De
measte minsken steane ûngefear oan ‘e knibbels ta yn ‘t iiskâlde
wetter . Durk Ykes Hoekstra út Warkum fynt in tige moai plakje foar syn
jonge, lytse Jatze; heit set him op in hege dwersstange yn ‘e lijte
fan de noch waarme skoarstien. In man of tsien krûpt ticht byinoar op ‘e
tsjettel. Dy leit wat heger , sadat se net yn ’t wetter hoege te stean. De
tsjettel bliuwt noch in skoftke waarm, al is it fjoer yn ‘e masinekeamer
fansels yn ien kear dôve doe’t de boat sonk. De lêste reek in mei grut
geweld de skoarstien útflein. Op[ it horizontale stjoerrêd sitte ek trije
man bijenoar ; sa kinne se de fuotten noch in bytsje “droech” hâlde.
“Met
alle kracht hadden bel en stoomfluit zich doen horen”.
Sil it lûd boppe it geweld fan stoarm en weagen útkomme? Sil immen it
hearre? Yn Aldegea hat men yndied opmurken dat der wat oan ‘e hân is op
‘e mar. In pear man besykje bij de kearslûs mei in boat it wetter op te
gean , mar steil tsjin de wyn yn kine se mei gjin mooglikheid fuort komme. Úteinlik
jouwe se it mar oer en hoopje dat de minsken yn Koudum of op 'e
Galamadammen de ûnheilslûden ek heard hawwe.
Spitigernôch
is dat net it gefal.
“Zoo was dan alle hoop vervlogen en maakte zich de wanhoop mester van
velen die een minder gelukkige plaats hadden gekregen en die halverwege in
het kille water staande, ook nog het meest hadden te lijden van de spattende
golven en de snerpende sneeuw- en hagelbuien, waarmede de storm gepaard
ging”.
De
lûken fan ‘t rom spiele
fuort. Kisten , kuorren en doazen driuwe yn it wetter. Sa ek de kij en in
pear fersûpte bargen, dy’t meinommen binne fan 'e Snitser feemerk. Mei
de minsken rint it net better ôf.
De
earste dy’t it bejout , is Marijke Jacobus Altenburg-Kapper (62) út
Easterwierrum. Koart dernei folget har dochter Siebregje Thijssen-Altenburg
(25) út Easterein. Hja kin it net langer úthâlde en ferdwynt stadich yn
it wetter.
Mem
en dochter komme te rêst yn'e dea. Ûnder de fjirtjin slachtoffers binne
ek de oare beide froulju Aaltsje R. Hoekstra út Lytsewierrum (24) en
Siementje R. Smit (25) út Ysbrechtum.
Anne
Harings Veldstra (55) út Starum, dy't yn Snits sa hurd rûn hat om de
Willem III noch yn te heljen, betellet de reis mei syn libben. Jatse, troch
syn soarchsume heit op in feilich plakje bij de skoarstien set, rêdt it op, mar de heit sels, de Warkumer Durk Ykes Hoekstra (57) ferdwynt yn de
weagen. Ek ien fan 'e bemanning komt om, it is skipper Foeke Gerrits van
der Wal (37) út Nijegea. De
oare ferstoarnen binne Petrus Attema (26) fan Starum, Wietse Feddes Veersma
(37) fan Warns, Jan Wabes de Jong (26) fan Molkwar, Piter Annes Okkinga (42)
en Siebolt Feddes Wiersma (25) fan Koudum, Germen Foekes van der Wal (50)
fan Nijegea en Harmen Melles van der Sluis fan Langwar. Hja dy't dizze
nacht oerlibje, hawwe likernôch rom 16 oeren oan waar, wetter en wyn bleat
steld west.
As it ljocht wurdt, sjogge se binnen de ferskânsing
minsken, bisten en alderhande pakguod om har hinne driuwen. De
measten lykwols merke it amper mear op. Dan, hiel
yn'e fierte, sjogge guon fan'e Hegemer kant ôf in sylskip oankommen.
It is it beurtskip fan Age Feenstra út It Heidenskip, dy’t de nacht
earne ûnderweis oerbleaun is. Alle hope op rêding ferflocht as dat skip
koers set nei De Gaastmar. Se binne net opmurken. Om in oere as acht, it is
dan noch ûngefear wynkrêft fiif, komt der fan'e Wâlden in skûtsje
oanfarren. Rjochtstreeks op
harren ta. Mei in protte ynspanning kin skipper Rein Kool en syn mannen op
side komme fan de Willem III. Wat hja ûnder eagen krije, sil harren altyd
bijbliuwe sa skriklik is it. “Van
de geredden, die zestien á zeventien uren aan het noodweer hadden bloot
gestaan , bevonden zich vijf in zulk een
jammerlijken toestand –bijna of geheel bewusteloos- dat
elk ogenblik de dood had kunnen volgen. Schier
allen hadden gezwollen ledematen, terwijl het gelaat vreeselijk was opgezet,
bij sommigen tot onherkenbaar toe.”.
Hja
dy’t net mear rinne kinne, stiif of heal ferlamme binne, moatte droegen
wurde. De tsien dy’t de nacht op ‘e tsjettel trochbrocht hawwe, de trije
op it stjoerrêd en de lytse Jatse binne der noch it bêste oan ta! Yn de
herberch op'e Galamadammen wurde de minsken dy't de ramp oerlibbe hawwe
mei leafde opfongen en fersoarge troch kastelein Fimme Karels Salmstra en
syn frou Tsjerkje Dölle. Mannich Koudumer stiet harren bij , nei’t bekend
wurden is wat him de ôfrûne nacht, sa ticht bij harren doarp ôfspile hat.
De minsken fan de Willem III dy’t it helle hawwe, binne der raar oan ta:
opsette gesichten, earmen en skonken. Alle gefoel is der út. At se de
fingers yn ‘e hjitte kofje stekke fiele se neat.
Nei
dy benearjende lange nacht mei de dea foar eagen is kaptein Bouma út Koudum
yn koarte tiid in âlde grize man wurden, dy't tenei mei stokken rinne
moat . Hij hat net lang mear libbe.
Skipper
Lieuwe Hornstra is dy
nacht keal wurden op in lyts
wyt krânske hier nei, seit men. Syn earen
binne dy nacht beferzen rekke en dêrom fregen de pakesizzers letter altyd :
werom hat pake sokke nuvere earen? Dyselde dei hat skipper Kool alve deaden
fane Willem III helle. Dy binne nei Nijegea brocht. Letter spiele de
oare trije earne oan. De sneons dêrop liedt yn mennich plak de deadsklok. Allinne al yn Koudum wurde fjouwer minsken begroeven. It drama op'e Fluezen yn 1877 sil nea fergetten wurde.
Neiskrift:
1.
Yn augustus 1877 is de Willem
III nei in yngripende renovaasje yn Amsterdam (kosten
5000 gûne) wer yn gebrûk nommen. Ûnder oare binne de rúten
lytser makke en de glêzen sterker. Der is ek in swierdere mesine yn ‘e
boat oanbrocht.
2.
Op 17 desimber 1977 feilt notaris K. De Jong Hzn. te Snits de Willem III provisjoneel
“ten
huize van den kastelein S. Bokma aan de Lemster straatweg te Sneek“.
Beskriuwing: “De in de laatste tijd geheel vernieuwde , sollied en fraai
ingerigte schroefstoomboot, Willem III genaamd, varende in de beurt van
Stavoren op Sneek
en Leeuwarden, lang 27 meter, diepgang 1 meter 5 centimeter, met 8
paardenkrachten en derzelver volledigen Inventaris”.
3.
Letter hat men om'e nocht útsocht wêr’t it skip belâne is.
4.
De nikkelen kofjekanne mei alle nammen derop fan de persoanen dy’t bij de
ramp rêden binne. Op de kanne stie in tankwurd yn rym en is sa oanbean oan
de kastelein fan de Galamadammen . De eigner wie yn 1977 K.
Silvius âld marine-offisier (Yn Makkum waarden
destiids marineskippen bout, hy
wie dêr opsichter) en
wenjend op de G. IJpmastrjitte yn Koudum, dy’t in oerpakesizzer wie van
fan Fimme Salmstra de kastelein yn 1877 op'e Dammen.
Tekst
is fan O. Santema en komt út ferskate
publikaasjes. De kursive stikjes binne oernaam út de Hepkema.
|