|
Slach by de Galamadammen 12 septimber 1572
De striid bij de Galamadammen en de opstelling fan de stridende troepen tusken en op de Ottepoel, Morra en Kuilart binne tekene op kaarten. Dizze kaarten binne mei tsientallen oare fan 16de ieuske ôfbyldingen fan Fryske plakken yn 1993 yn argiven yn it Saksisches Hauptstaatsarchiv yn
Dresden fűn en yn 1998 presintearre űnder de titel
"De Robles Atlassen. Vestingbouwkundige plattegronden en het verslag van een veldtocht yn Friesland in 1572”
.
Wie en hoe en wat spile yn dy tiid ? In koarte útlis: Oernaam út boppesteande presintaasje fan
D.P. de Vries de Ryksargivaris yn Fryslân en oaren.
It giet dan oer it jier 1572, it jier węryn de Wettergeuzen besochten de macht oer te nimmen. Dit mislearre en dat kaam foaral troch effektive tsjinstân dy Caspar de Robles, de luitenantstedhâlder fan de regearing fan Filips II
organisearre.
Caspar de Robles
Yn Fryslân bekend as de stiennen man, hat in grut plak yn de Fryske skiednis krige. It stânbyld fan him op de seedyk bij Harns
fertelt ús fan syn kręftich yngripen mei it wjeropmeitsjen fan de seediken nei de “Allerheiligenvloed” yn 1570. Dit optreden hat yn it gefal fan it dykjen in grutte wurdearring krige.
Kreftdiedich wie ek it skaaimerk fan Casper de Robles bij it bestriden fan de Opstân. Yn de jierren fan syn bewâld waard it programma fan de “Contra- Reformatie” útfierd. En in mannichte oanhingers fan de nije religy moast flechte, in grut part derfan nei Emden. Ek op bestjoerlik męd wist hij de balâns tusken de lânhear en de steaten as fertsjinwurdigers fan de gewesten yn it foardiel fan de kening troch te setten. De Steaten dy oan dan ta mei wikseljend sukses de gewestelike selsstannigens ferdigenen omdat hja betingsten stelle koenen bij it tastean fan belęstingen ferlearen űnder syn bewâld hieltiid mear foech. Fan dizze kant fan De Robles is folle minder bekend. De Fryske Alva? Wylst Alva de skiednis yngiet as de grutte űnderdrukker komt syn trouwe maat yn it noarden fan de lege lannen der aardich skjin foarwei.
Caspar de Robles waard yn 1527 berne yn Portugal. Syn mem wie de minne fan Filips II en derom groeide Caspar as minnebroer op oan it hof fan Karel V
yn
Madrid. Hij makke in karrięre as soldaat en bestjoerder.Yn 1568 kaam hij as kolonel yn it gefolch fan Alva nei de Noardelike gewesten en liet yn Grins in sitadel bouwe dy’t bedoeld wie om krekt as de mei de Fryske blokhűzen de stęd mei in garnizoen yn betwang te hâlden. Ek Fryslân soe mei dizze hurde bestjoerder te meitsjen krije want mei de Alderheljenfloed yn 1570 węrby 300 Friezen it libben lieten, wie der, sa as wenst yn Fryslân, tsierderij oer wa it dykjen betelje moast.
Mar de Robles twong de Friezen earst te dykjen en it skeel oer de ferdieling fan de kosten dęrnei mar troch te setten. Hij krige derfoar in soad wurdearring en yn 1576 waard in monumint “De stienen Man” foar him oprjochte op de seedyk bij Harns. Yn 1572 waard De Robles beneamd as Luitenantstedhâlder
yn de noardelike gewesten en de heechste fertsjinwurdiger fan de kening fan Hispanje en ein 1573 waard
er beneamd ta stedhâlder yn Fryslân en Grins. Hij bestriid de rôftochten dy’t de wettergeuzen yn Fryslân en Grins űndernamen troch in soarte fan kustwacht te organisearjen. Doe de geuzen yn 1572 nei it ynnimmen fan Den Briel sawat it hiele gewest Hollân
yn hannen krige, soarge hij krekt op tiid foar legering fan betroubere Waalske (hiersoldaten) soldaten yn de wichtichste militęre steunpunten fan it gewest, de blokhűzen fan
Ljouwert, Harns en Starum. Letter waarden ek noch inkele kleasters fersterke.
|

|
Wettergeus Lumey by Den Briel
Blokhűs Starum |

|
|
De Geuzen
Sűnt 1568 wienen tűzenen sympatisanten fan de Nije Leare en fan de opstân út Nederlân flechten, harren besittingen waarden yn beslach nommen. Mei de namme geuzen waarden dyjinge oantsjutten dy’t de regearing mei geweld bestrieden. Hja fochten meast op see sadwaande de namme wettergeuzen. Hja berove hannel- en fiskersskippen en dienen
geregeldwei ynfallen op it lân, tsjerken en kleasters wienen faaks it doel . Hja hienen yn it Eastfryske havenplak Emden har thúshaven mar ek wol yn Ingelske havens .Yn de eagen fan de regearing wienen de wettergeuzen gewoane seerovers mar harren eigen oertsjűging wie dat harren optreden dutsen waard troch de wet om
’t hja kaperbrieven fan de prins, Willem van Oranje, hienen. Dermei waarden se troch him, as foarst fan Oranje,
machtige om de fijân safolle mooglik skea oan te dwaan. De prins hie dan it rjocht op in tsiende part fan de bűt.
De lieding fan Willem van Oranje oan de float wie swak. Yn de praktyk wurken se op eigen man en boet en dienen harren eigen dingen.
Admiraal Willem van der Marck, heer van Lumey en syn Koudumer adjudant Feye fan Inthiema hienen noch de measte ynfloed.
Ek yn de súdwesthoeke kamen de geuzen wol oan lân .Op 17-05-1570 plunderen se de tsjerke en de bewenners dęr fan Hylpen, 26-11-1570 plondering fan Warkum en Jannewaris 1572 in ynfal bij Makkum.
Filips II skriuwt in brief oan de steaten fan Fryslân węryn hij der op oanstiet dat hja maatregels nimme tsjin dizze rebellen en de ynwenners ferbiede de geuzen te helpen.
De ynfallen waarden nei de ynname fan Den Briel oars fan karakter, men besiket no de plakken fest yn hannen te krijen en te hâlden foar de prins. Inkhuzen komt op 10 juny yn hannen fan de prins en wie in goede útfalsbasis foar in oanfal op Fryslân. Mar ek út it suden wei waarden oanfallen dien. Ein Juny waard besocht De Kúnder en Bloksyl in te nimmen . Dat mislearre om’t dęr tidich Waalske soldaten wienen. Doe gienen de geuzen op troch Gaasterlân nei Sleat, dizze stęd waard ynnommen en in ferdigening organisearre mar begjin July waarden hja hjir ek ferdreaun troch de soldaten út de Kúnder. Dernei folge in nije ynfal bij Bloksyl. De troepen fan De Robles koene dizze kear net foarkomme dat it kastiel fan Vollenhove ferovere waard. Ek oare plakken as Kampen, Stienwyk en Genemuiden waarden troch de geuzen ferovere. De prins beneamde Joost van Schouwenburg (syn offisjele namme wie: Jobst II graaf van Holstein-Schaumburg) as lieder fan de geuzen yn Fryslân. Hij festige it foarlopich bestjoer yn Frjentsjer.
Begjin Augustus fűn De Robles de sitewaasjes sa bedriigjend dan hij him werom loek op de blokhűzen yn Starum, Harns en Ljouwert. It wie no foar de geuzen lichter de oare plakken te besetten, mar swierder om het hiele gewest yn hannen te krijen want de Blokhűzen wienen allinne nei in lange belegering yn hannen te krijen. Op 14 Augustus besetten de geuzen węr de
Kúnder, Eastmahorn en Dokkum. Undertusken die De Robles alle war om in garnizoen yn Snits te krijen, mar it stedsbestjoer wegere harren ta te litten dęrtsjinoer lieten hja op de achtsjende in groep geuzen deryn.
Op 24 Augustus besochten de geuzen om Starum te feroverjen dat slagge foar de stęd mar net wat betreft it blokhűs. Ek it besykjen Sleat wer yn hannen te krijen mislearre. In pear dagen letter lieten de stedsbestjoeren fan Boalsert en Frjentsjer in ienheid geuzen binnen. De geuzen hienen no trije wichtige stęden yn hannen en dat wie it hichte punt fan de ynfal.
De Robles besocht yn Dokkum in betrouber garnizoen te legerjen. Die waarden oanfallen troch in geuzelegerke holpen troch de befolking mar die koenen de stęd mar in pear dagen hâlde want Dokkum hie doetiids gjin festingwurken.
Doe de Waalske troepen út Grins en Ljouwert de tsjinoanfal ynsetten, moasten de geuzen de stęd priisjaan en doe folge in plondering fan de stęd węrby goed 400 minsken it libben ferlearen.
Op 10 Septimber węr in oerwinning foar De Robles: Starum waard nettsjinsteande in oermacht fan 1200 geuzen opnij ferovere en it blokhús űntset. Inkele dagen dernei waarden de geuzen yn de slach bij de Galamadammen ferslein
en dęrby rakken 150 geuzen dea. Dit wie in swiere slach foar de geuzen. De wiken derop waard Frjentsjer troch De Robles belegere mar dat slagge direkt net, wol waarden de geuzen Dronryp útjage.
It wie de lieder fan de geuzen wol klear dat it tij begie te kearen. Op 18 novimber gie Joost van Schouwenburg fan Frjentsjer nei Makkum mar moast ek dat plak op de 22ste opjaan
en tagelyk ferlieten de geuzen Boalsert en Snits.
Sa hie De Robles feitelik hiel Fryslân węr yn hannen. Wat oerblau wie wat efterhoede fjochterij. De measte geuzen wennen węr as ballingen bűten de provinsje. Earst yn 1580 kaam de folsleine ommekear. Mar doe hie De Robles al plak makke foar Rennenberg.
De opstân yn Fryslân
Fryslân wie yn de 16de ieu in part fan de Habsburgse Nederlannen. Keizer Karel V stribbe nei de foarming fan in sterk sintraal bestjoer foar alle gewesten. En syn soan Filips II soe dit belied mei kreft trochsette.
Dit belied hie fan gefolgen dat yn alle gewesten in kręftige opposysje űntstie, want men stie tige op de eigen bestjoerlike sizzenskip.
Yn Fryslân diene de Steaten dan ek in berop op de oerienkomst dy’t yn 1524 bij it festigjen fan it bewâld fan de Habsburgers sletten wie.
Yn it begjin gie it ferset foaral tsjin de tanimmende belestingdruk en it beheinen fan de bestjoerlike selsstannigens.
Letter spile der ek de saak fan de Nije Leare in rol. De Habsburgers namen in hurde en űnfersoenlike hâlding oan tsjin de opkommende Reformaasje.
It stringe optreden tsjin de ketters hienen de minsken in wearzgje fan, net allinne op
minslik męd, mar ek om se it selsbestjoer fan tsjerke, de kleasters en it gewest oantaasten.
De Byldestoarm dy’t yn Flaanderen útbriek brocht yn alles mear geweld.
Yn Fryslân gie it mei de Byldestoarm in stik ręstiger, mar de minsken fan de nije leare koene no ek hjir iepenlik harren tsjinsten te hâlden.
De gewestlike oerheden kamen de protestanten oeral temjitte, op 5 Septimber waard yn de Sint Vitus tsjerke,
die doe noch bij de Aldehou stie, de earste protestantske tsjinst hâlden. Mar alree bliek dat de kening en it Brusselske regear fan gjin tajaan witte
woe. Yn 1567 waarden alle tasizzingen oan de protestanten weromdraaid . En in protte protestanten naaiden út nei it bűtenlân en waarden balling. Foaral de Eastfryske stęd Emden berge in soad flechtelingen.. Willem van Oranje dy ek flechten wie, waard harren wichtichste lieder.
De kening beneamde in nije lânfâd, de hartoch van Alva. Hij krige de opdracht om oarder te bringen en de opstannelingen te straffen. Dęr waard in nije rjochtbank oprjochte de “Raad van Beroerten”.
In 1568 foel Loadewyk fan Nassau, een broer fan Willem van Oranje, mei in legerke hiersoldaten en ballingen de Grinzer Ommelannen binnen. De ynfal
wie it sein foar hűnderten sympatisanten om harren hjir bij te foegjen. It like earst tige goed. Yn de slach bij Heiligerlee fersloech Loadewyk in regearingsleger űnder lieding fan Aremberg, die ek it libben liet bij dy striid.
Loadewyk koe gjin goed gebrűk fan de oerwinning meitsje want de regearing hie de stęd Grins krekt op tiid mei in grut garnizoen beset . En doe Alva der mei noch mear troepen oan kaam loek Loadewyk him tebek yn Dútslân.
De opstannelingen wienen nei it bűtenlân jage. Willem van Oranje besocht mei de ballingen it regear sawol op it lân as op see te bestriden. De wettergeuzen diene oerfallen op
de skipfeart en ek wol op it lân. Under harren wienen in soad friezen . Harren oer- en ynfallen wienen lestich mar hienen foar de striid fan Oranje net sa’n grutte wearde.
Yn Fryslân wie de ferhâlding tusken regear en de steaten tige wizige. De steaten moasten om te begjinnen tasizze in bedrach op it kleed te lizzen foar de bestriding fan de wettergeuzen. .
It plan foar de ynfier fan de nije belesting de sa neamde “tiende penning” koe ôfkocht wurde foar 128000 gűne, foar die tiid in űnbidich grut bedrach.
Ek de tsjerke waard reorganisearre. Fryslân waard in apart bisdom, der kaam in eigen biskop Cunerus Petri. Dizze moast yn Fryslân it plan foar de Kontra-reformaasjes útfiere.
Op 1 april 1572 besetten de geuzen Den Briel en ferklearren de stęd foar de prins. De geuzen krigen yn koarte tiid sawat hiel Hollân útsein Amsterdam yn hannen.
Ek yn Fryslân wie in soad steun foar de Opstân. Yn augustus weagen de geuzen in ynfal út Hollân wei.
De steden Snits, Boalsert en Frjentsjer gienen ek mei de Opstân mei en lieten geuzen binnen. Ek trije fan de seis deputearren sleaten har bij de Opstân oan. Ien fan harren wie Doeke fan Martena.
It útsjoch foar de Opstân wie yn Fryslân net geunstich.
Caspar de Robles begie direkt nei it nijs fan Den Briel mei de ferdediging op oarder te bringen. Hij hie betroubere soldaten ynhiert en de blokhűzen fan Starum, Harns en Ljouwert beset.
It regear wie klear foar de striid. De wettergeuzen hienen harren haadkertier yn Frjentsjer festige. Harren oanfierder wie in Dútske foarst Jobst II , graaf fan Holstein-Schaumburg.
In de literatuer wurd er meast Joost van Schouwenburg neamd. It Sjaardemaslot yn Frjentsjer wie it haadkertier.
De geuzen wienen militęr fier de mindere. De blokhűzen koene allinne nei in lange belegering yn nommen wurde. Boppedat hie de Robles genôch soldaten om direkt in tsjinoanfal te dwaan.
Doe der ek berjochten kamen oer in strafekspedysje nei it noarden űnder lieding fan Don Frederik de soan fan Alva , ferlear men de moed.
Ein 1572 hie De Robles Fryslân al wer safier yn de macht dat it tsjinregear en Schouwenburg flechten . Frjentsjer, Boalsert en Snits joegen hearren oer en krigen in garnizoen. De Opstân fan 1572 wie yn Fryslân mislearre. Allinne yn Hollân koe men steande bliuwe.
Opnij moasten in soad dy’t meidien hienen oan de Opstân flechtsje nei Hollân en East-Fryslân.
Yn de fjouwer jierren dy’t no kamen koe De Robles it gesach fan it Brusselske regear sawat sűnder tsjinstân hanthavenje. Er wie oan ien wei grutte jildneed fanwegen de militęre útjeften en De Robles űntfotsele dat de Steaten. Dat űntaarde sa stadich oan yn ôfsetten.. En de Steaten koene sjoen de tastân, oars net dwaan as de fernederingen űndergean.
Earst oan de ein fan 1576 wienen der nije kânsen foar de Opstân in Fryslân. In dat jier ferlear it regear yn Brussel de macht fanwegen de opstân yn Brabân en Flaanderen fan de hiersoldaten dy’t betelling fergen fan it soldij dat hja noch te goede hienen. De plondering fan Antwerpen stiet bekend as de Spaanske Furie.
Alle gewesten geane mei-elkoar om harren fan it oproerige en de rôvende soldaten te befrijen. Willem fan Oranje, de stedhâlder fan it opstannige gewest Hollân krige de lieding fan in tsjinregear fan de opstannige gewesten yn Brussel. Dizze regearing beneamde George fan Lalaing, graaf van Rennenberg ta stedhâlder fan de noardelike gewesten.
Dit ienheidsfront tsjin Filips II soe net lang hoek hâlde. In 1578 sleaten de súdlike gewesten harren wer oan bij de kening in de “Unie van
Atrecht”. De noardelike gewesten hâlden fest oan de Opstân en sleaten de “Unie van Utrecht”. De striid soe trochgean as in striid tusken it katolike suden en it protestantske noarden.
Doe der praat gie dat ek Rennenberg him wer bij de kening oanslúte woe, namen in Fryslân de minsken fan de Opstân yn begjin 1580 de macht oer. Ien fan de earste maatregels wie it ferbieden fan de Katolike Earetsjinst en it opheffen fan de kleasters.
De gewesten die meidienen yn de “Unie van Utrecht” setten as “ Republiek der Verenigde Nederlanden” de striid tsjin Spanje troch. It soe noch oan 1648 duorje foar dy striid mei de Frede fan Münster beëinige waard.
Yn Fryslân wie de striid al earder ôfrűn. Yn 1586 waard yn de slach bij Boksum de lęste striid striden.. Nei it “Twaalfjarig Bestand”(1609-1621) hie de striid him ferlein nei de súdlike gewesten. Inkeld wie der ris in ynfal, sa yn 1622 , doe’t Spaanske troepen oan Hearrenfean takamen.
De Robles atlassen
Der binne yn koarte tiid trije manuskriptatlassen boppe wetter kaam: Yn het Sächsisches Haaptstaatarchiv yn Dresden, Yn it Harry Randsom Research Centre fan de University of Texas yn Austin en yn de Bayerische Staatsbibliothek yn München. Yn dizze samlingen is Fryslân in part fan it oare Nederlân, meast oantsjut as Flaanderen. Yn de atlas út München binne fierder noch ôfbyldingen út Itaalje en Easteuropeeske lannen.
Mei dizze fynst is yn koarte tiid it beskikbere kaartemateriaal ferdűbele. Oant dan ta wienen wat de stedsplattegrűnen betreft, út de jierren foar 1580 allinne die fan Jacob fan Deventer fan de Fryske Alvestędden bekend. De atlassen jouwe net allinne foar deselde plakken hjir no mear fergelikingsmateriaal oan ta, mar ek kaarten fan oare plakken as de Galamadammen, Lemmer,Makkum, Dronryp, Berltsum, Eastmahorn en de kleasters Eanjum en Lidlum węr’t noch gjin ôfbylding fan bekend wie.
De kaarten út Austin jouwe in soad details fan de ôfbylde gebouwen. Sa is op de plattegrűn fan Ljouwert ű.o. de kleastergong bij de grutte tsjerke te sjen, it bestean derfan wie oant op heden allinne bekend út argeologysk űndersyk. Op de plattegrűn fan Starum is it plak fan it yn 1397 boude kastiel fan Albrecht fan Beieren oanjűn. Opmerklik is dat de measte plakken yn beide atlassen mei gruttere as lytsere ferskillen ôfbylde binne.
De details op de kaarten binne net altyd betrouber. Soms hat de tekener de saken op syn eigen gefoel yntekene. Dúdlik wurd dit bij de kaart fan Starum út de atlas út Austin. Op dizze kaart binne alle húzen útsein de wichtichste gebouwen allegear itselde yntekene.
Alle trije atlassen bestean út twa soarten kaarten. De measte binne festingboukundige plattegrűnen út de jierren 1568-1579.
Bij dizze soarte binne net allinne kaarten fan de Noardelike Nederlannen, mar ek kaarten fan
Súd-Nederlânske festingen. De oanwęzichheid fan die kaarten kin mooglik ferklearre wurde út de relaasjes die De Robles mei
dy gebieden hie. Troch syn houlik krige er net allinne besittingen yn Eartlies, ek
syn tittel , Heer fan
Billy, in plak yn dat gewest, krige er sa. De oare soarte fan kaarten binne nijskaarten
dy, as in stripferhaal, in tige goed bield jouwe fan de striid dy’t Casper de Robles mei syn troepen fierde tsjin de geuzen. Op ien fan de kaarten sjogge we him sels as hynsterider tekene. Men wol wol ha dat er dizze kaarten meitsje litten hat om him letter bij it Habsburgse gesach ferantwurdzje te kinnen.
|