It Koudumer doarpsliet
Tusken mar en poel bisletten,
Yn 't âlde Fryske lân,
Dêrre leit it lytse doarpke
Dat ús bynt mei fêste bân.
Dêr't de hege toer syn wêzen
Blike lit sa fier yn't rûn,
Dêrre leit it plakje Koudum)
Us sa leave bertegrûn:       ) twaris

Hwat ús bynt oan't âlde doarpke ?
Is yn't earst it âldershûs.
Heit en Mem en d'âlde wente,
Leed - ek wille by de rûs.
Dan dy feinte-fammejierren
Forjitte kinne wy se nea.
Om dàt alles, Koudum, bist'ús  )
It leafste doarpke fan it gea ! ) twaris

Smûke plakjes: âlde Singel,
Binnedyk en Dammensewei,
Dêr't it jongfolk him fermakke,
Koudum, wier, dou bliuwst' ús nei.
Dan dy moaije fiere sichten,
Nei Hylpen, Wâlde en Ymedaam,
Fan'e Dammen oer de marren. )
Koudum doarp, wy leavje dij !  ) twaris
Troch:
Sietse Gerts van der Heide, De Jouwer 1970
Sjonge op de wize fan: "It Heitelân".

De Goldstars, Johannes van Dijk en Peter van der Molen

(Op YouTube setten troch Martin Schaper)