Achter de Túnen
Schilderij door Klaas Overzee

-
Achter de Túnen

Wy ha thús in skilderij
fan ús pakes buorkerij
mei kij en hynders om 'e doar.
Jinder sjochsto de seedyk
de skoarstien fan it molkfabryk
tuskenyn der rint it spoar.
Tsjerk’ en buorren yn it grien
beppe ferhelle hoe’t it wie:
smûke plakjes; fiere sichten.
Galamadammen, Symkewyk
Kninebuert en Boppedyk
bou yn 'e lijte fan de hichten.
En lâns it paadsje Achter de Túnen
rûn sy mei pake oan 'e earm
hja wie fereale en wist net better
dit wie har wrâld en har bestean

It liket moaier dan it wie,
want meastentiids wie ’t libben swier,
Krapte yn it einbeslút
Doarp fan sân en beantsjebou,
foar bline earmoed op 'e sjou,
koe nearne hinne as foarút.
Húskes âld en ûnbegeard,
Bin troch de slopershammer teard
Opromming yn dy âlde rotsoai
In auto en in keunstgebyt,
betelle mei it bankkredyt,
die bliken fan modern alloai
En sels it paadsje Achter de Túnen
feroare yn in brede tarredyk,
ús beppe hie gjin drek mear oan de skuon
pake seach neat yn dy romantyk

Yn it doarp fan hjoed-de-dei,
libje beantsjes noflikwei
hawwe niget oan elkoar.
Fakânsjeminsken simmerdeis
meitsje elk jier wer de reis
fan timmerfeint oant grutmajoar.
Om de romte en de rêst
foldocht it har hjir o sa bêst
se wol’ hjir einliks altiid bliuwe.
It doarp fynt brea yn romantyk
Is net mear út op in fabryk
It waarme hert komt boppedriuwen.
Sa komt It paadsje Achter de Túnen
Op in dei miskien wol wer werom
Us pake, ik hear it him noch sizzen:
Ja dat wie doe in bytsje dom.

 Jan de Vries, 2004


Een foto uit het begin van de vorige eeuw. Het wat langere gebouw was het diaconiehuis
en in het huis dichterbij woonde Wabe Schaper.
Beschikbaar gesteld door Jan Overzee te Son en Breugel.


Ansichtkaart ingestuurd door Jan Overzee te Son en Breugel.

Sneintejûn wie it hjir folle drokker...

Dit was vroeger het mooiste plekje van Koudum. Achter de Tuinen, waar nu de Douwe van Epemastraat is.
 (foto: uitgave Drukkerij en Kantoor Boekhandel Hoekstra, tel. 9 te Koudum; exemplaar uit de collectie L. Folkertsma)
Jan Jeltes de Vries maakte hierover het bovenstaande gedicht.