In blźdside śt it foto-album fan Jelle Fop 
-

Jelle Romkes de Jong ( 1867-1954)
Fopje Sipkes de Jong (1877-1954)
Hja ha harren hiele trouwen wenne yn it hūs Easte 32.

Jelle Romkes de Jong is berne op 21-07-1867 as soan fan Romke Sipkes de Jong (1834-1919) en Susanna Gerrits Visser (1838-1919) en stoarn 07-11-1954. Hij wie doe 87 jier āld.
Jelle de Jong skriuwt:
"Pake troude op 14-05-1896 te Koudum mei syn tsien jier jongere nicht Fopje, dochter fan Sipke Sipkes de Jong en Grietje Obes van Noggeren. Pake skaaide as ienichste fan syn broers nei syn memmekant de Vissers, in skipperslaach. Hy hat dan ek altyd bij de skipper wurke en neist syn tjinst bij de Marine foaral bij Klaas Visser, de beurtskipper fan Koudum mei syn beurtskipke de "Klein Koudum". Dat wie de foargonger fan it lettere Visser en De Boer. Hij hat mei en by Klaas Visser in soad priizen woun by it hurdsilen. De " Klein Koudum" wie ferneamd as hurdsiler en Klaas Visser wie ek in skipper dy't him net troch wyn en waar wat sizze liet, it wie altiid farre.
Yn it begjin fan de 90er jieren fan de 19de ieu is Lytse Jelle, sa se him neamden, foar himsels begoun. Hij kocht in Snikke, lade dy fol mei potten en pannen en begūn syn eigen affearen. Yn 1896 is hij in fźste winkel begoun op de Easte 32 en dat is yn de rin fan de jierren feroare yn in krśdenierswinkel mei handel yn klompen en peteroalje."

It winkeltsje fan Jelle Fop op'e Easte. Neist it hiem wie paadsje dat nei de Boppedyk rūn. It saneamde "Jelle Fop paadsje". 
"Hjir in foto fan pake Jelle op de fyts mei 50 pūn moal. It wie eartiids sa dat de boeren kochten de peulfruchten en it potstromoal by 50 as 100 pūn want yn de ungetiid iet men sawat alle dagen middeis yn it lān potstro en jūns earten as beanen alles mei goed sjerp en spekvet en sūpenbrei nei."

Lytse Jelle is drok yn't spier

(foto's ynstjūrd troch Jelle Romkes de Jong)