In blêdside út it het foto-album fan Romke-Martsje 


-
It winkeltsje fan Romke Jelles de Jong oan it Vermaningspad. Te sjen rjochts op de foto. Efter it hûs, dus nei de Underwei ta stie it hûs fan Douwe en Neel Valk, letter Doede en Lies Valk.  Oan de linker kant fan de Underwei stiene in rychje wenningen oan de Beukenleane ta.
(foto H. de Jong ± 1960)

Dit is Jelle, hy kin krekt rinne. 
Jelle: "Dizze foto is op de Easte nommen sawat foar it hûs fan Durk de Vries, it hûs op de eftergrûn is it begjin fan de Easte, der wennen Ype Roosjen en oan dizze kant Geert en Hitsje Hoekema der stie doe in heaberch efter."
 

Jelle mei mem nei de buorren.


Djoeke en Jelle
It paadsje rint nei de hoeke van de Beukenlaan en de Underwei.  Op it ein wennen doe Hessel en Uke. It paad dat healwei it lytse paadsje krúst nei rjochts  is de reed nei Jelle Schürer.

Jelle, op it paadsje neist it hus, dat nei de Underwei rint.
Jelle skriuwt:
"It hûs datsto op dizze foto sjochst is it NW stik fan de âlde skoalle. Yn it middelste part wennen Hielke Roosjen en op it SE Romke Boukje, letter Uilke Brims. Nei Ale Ieke ha Rintsje Akke der jierren yn wenne, Harren hiem rûn fanôf it Vermaningspaad hielendal nei de Underwei en dêr stiet Ale mei de geit. Tusken dat hiem en ús hûs wie in paadsje ek fan it Vermaningspaad nei de Underwei. Precies efter ûs hûs stie noch in wenning oan de underwei. Dêr ha Doede en Liesbeth Valk wenne." 

Ale van der Veen

Sjuch, de Kanadezen komme!
17 april 1945. De earste kanadezen binne krekt oer de Syl en geane op nei Koudum!. It is noch moarn, mar it sil een prachtige dei wurde, letterlyk en figuerlik.
 Koudum is wêr fry!
(de fotograaf is ûnbekind)

Jelle yn'e tiid dat der troch de femylje De Jong noch net tocht waard oer in Sparwinkel en gjinien yn Koudum ea dreamd hie fan in grutte moaie camping as De Kuilart.


Djoeke en Jelle op'e skoalle-foto (1946)

Djoeke
(foto ingestuurd door Appie van Dijk)

Kopen bij de Spar is sparen bij de koop !

Yn 1954 wie de ferhúzing fan it Vermaningspaadsje nei it winkelpand fan Albert Algera yn de Haadstrjitte. Albert waard sjef bij Coöperaasje yn Zwolle. 
V.l.n.r.: Jelle , Romke en Martsje, Djoeke en Sietske de Vries.

En als als goede ondernemer doe je wat voor je klant, zeker als deze 80 jaar wordt, zoals deze keer.

Romke wie al fier foar de oarloch lid fan "Looft den Heer".
Ek fan syn bern wiene der by de musyk, dat in plaatsje van it Jeugdkorps van Nij Libben sit ek yn it album.

Yn maeie 1959 wiene Romke en Martsje 25 jier troud en doe is dizze foto makke.
Sittend v.l.n.r.: Romke, Martsje en Froukje.
Steand v.l.n.r.: Djoeke, Jelle, Lieuwe, Sipke en Fopje.


Lieuwe drok yn't spier as boufakker.
Dit is by de bou fan de fytstunnel oan de súdkant fan
de Galamadammen yn 1978.

(foto's ynstjûrd troch Jelle Romkes de Jong)