![]() |
| Jan
de Vries skriuwt bij dizze foto: "Dizze foto is fan omtrint 1925 en makke op de pleats fan Ulke Dijkstra. It hok op de eftergrûn is goed 30 jier lyn sloopt (troch myn skoanheit.) Ik wit it noch wol, de âldboer Bertus koe neat fuortgoaie en hie yn syn libben it hok hielendal folstoud mei allerhande rotsoai, de ynhâld hat wol in wike brând. Ulke hat syn gesin op de fersierde bolderkarre. Ulke wie widner, syn frou is ferstoarn flak nei de berte fan Tommie dy't njonken Ulke op de karre sit. It famke op de fyts is Japke. Neist Tommy sit Corrie en efter Tommie sit Sietske. (Beppe) Feikje sit efter yn e midden mei rjochts húshaldster Trijntje Bloemsma en links in ûnbekind famke. De foto komt fan Afke Dijkstra út Snits, pakesizzer fan Ulke, (dochter fan neamde Bertus)." |