Dit wie yn 1933. De pleats is wer opboud troch timmerbaas Theunis de Vries foar 12.000 gûne.
Dizze pleats waard doe bewenne troch Hantsje van der Meer. Harren jongste bern Douwe wie mei de brân in lytse poppe. Douwe (Don) wennet no yn Oshawa Ontario Kanada.
Hja wiene yn 1919 op dizze pleats kommen. Derfoar buorke der Bartele Speerstra sûnt 1899 troud mei Jeltje Oppedyk, dy´t yn 1919 nei Ymswalde bij Tsjerkwerd gie te buorkjen. Harren bern Bouwe
(1903) en Klaske Richtsje (1912) binne op dizze pleats berne. De brêge oer de far nei de Heanmar neamde men yn Koudum de Bartlingse Brêge.
Nei van der Meer kaam Oege Miedema en dan syn styfsoan Hindrik de Jong troud mei Durkje Ekkers.
Yn 1964 kaam Jan Stokman út Hollân hjir te buorkjen, yn 1979 yn maatskip mei soan Anton. En yn 1985 nei it ferstjerren fan syn heit is Anton allinne troch gien.
(foto út Fan Fryske Groun, beskikber steld troch Willem Hengst fan it Heidenskip en de tekst is fan Jelle Romkes de Jong)