Jan Hoekstra
Balkster Courant, 6 november 2008:

Ta oantinken oan Dirigint en Oargelist 
Jan Hoekstra 1916-2008


Ferline wike is hastich ferstoarn de (âld)dirigint: Jan Gerkes Hoekstra, earder fan Koudum. Hij is tige âld wurden, sawat 93 jier en oan it lest ta tige helder en altyd warber mei it skriuwen fan stikjes oer it libben en wat er belibbe hie. In pear derfan ha ek jierren lyn yn'e Balkster krante stien ûnder de titel "pake Jan fertelt". 

Jan Hoekstra is berne op it Bakhúster heech as âldste fan Gerke Jans Hoekstra en Rinkje van Hylkema Vlieg.
It muzikale hat Jan al betiid mei krige want heit Gerke wie lid en foarsitter fan it grifformearde muzykkorps fan Himmelum.
Gerke wie ek in man dy’t muzikanten de earste begjinsels fan it blazen op in hoarn bijbrocht. Sa moast Jan as jonge wolris meihelpe, want as muzikanten de saneamde tsjinslach net yn de slach krije koene bûn Gerke se wol in tou oan ‘e foet en moast Jan op it goede momint oan it tou lûke.
Sadwaande krige er ek al jong de muzykbegjinsels bijbrocht en Jan waard sels in goede saksofonist. Mar foaral it oargel wie foar him it ynstrumint en der hat er ek letter les naam bij in oargelpedagooch.
Jan troude mei Neeke van Marrum, dochter fan master Klaas van Marrum, haad fan de grifformearde skoalle yn Himmelum. Hja kamen te wenjen yn Koudum. Want Gerke Hoekstra hie dêr de beide Dykstra pleatsen yn ‘e Heanmar kocht en Jan en Neeke kamen op de pleats oan ‘e Yndyk te wenjen en Pé, syn broer en troud mei Lol Bajema, op ‘e pleats midden yn ‘e Heanmar. Jan wie in bejeftige oargelist en spiele letter mei syn “Jan Zwart styl” as ien fan de fêste oargelisten yn'e grifformearde tsjerke fan Koudum de gemeenteleden tige nei it sin. Nei de oarloch waard er dirigint fan it doe nij oprjochte grifformeerde tsjerkkoar en mei dat koar har er ûnder oaren in pear kear de “Sulveren Noardske Balke“ wûn, de wikselpriis foar de heechste punten op it priissjongen. Ek mei oare koaren as Ferwâlde en Burchwert die er it altyd tige goed. Hij wie as amateur koardirigint in natuertalint en brocht syn koaren nei de heechste ôfdielingen fan it Sjongersbûn. 
Hij hat út de Heanmar wei drege reizen makke oer de earst noch ûnferhurde paden by nacht en ûntiid, yn winter en hjerst. Jan Hoekstra wie in handige en hastige man ek yn syn buorkjen, hy koe ek geweldich melke, yn in omsjoch wie er mei in ko, en leafst in rier, klear. Mar syn hert lei bij de muzyk. En hja wienen bliid doe’t hja letter yn ‘e buorren wennen en Jan Hoekstra neist syn nije baan bij Philips yn Koudum, him útlizze koe op it dirigearjen fan koaren en it jaan fan oargellessen. Sneon 1 novimber ha syn bern him ûnder it sjongen fan “Laudate omnes gente , Laudate Dominum“ te hof brocht, op it tsjerkhôf te Paasloo neist syn frou. Dêrnei wie der in tankstsjinst yn de grifformearde tsjerke fan Oldemarkt wêr’t er de lêste jierren wenne. 


Jan Hoekstra

Dit is by in útfiering fan it oratoarium “Kristus Geboarte” fan Beinteman.

(Bron: Jelle R. de Jong, de skriuwer fan it "yn Memoriam")


Over Gerzinus (Sienke) Hoekstra, zoon van Jan:


(ingestuurd door Rein Wiebes Munniksma)