Sikko
de Jong fan Ryptsjerk stjoerde my de foto fan syn oerpake en -beppe Ype
de Jong en Hansje Feenstra en skreau der by: "Ik stjoer jo hjirby in foto fan myn oerpake
Ype Sikkes de Jong. Hy wie ferwer yn Koudum en wie troud mei
Hansje Tjebbes Feenstra. By harren stiet harren dochter Harmke de
Jong. Ik ha de foto krige fan in beppesizzer fan Harmke de Jong, de hear Marten van Es. Nei alle gedachten is de foto makke yn 1911."
en:
"Ype Sikkes de Jong, berne op 25 oktober 1845 yn Koudum en stoarn op 30 augustus
1919 ek yn Koudum. Hy is it tredde bern fan Sikke Ypes de Jong, ek ferwer yn Koudum en Zeeger Mooy. In broer en in suster fan Ype Sikkes binne ek troud mei Koudumers. Aaltje de Jong (1843-1888) trout mei Hidde Rinze Koornstra en Jelle (1855-1927) trout mei Aaltje Roosjen (1850-1933).
Ype Sikkes is ek de man dy’t yn tinkboerd yn de tsjerke yn Koudum by de restauraasje oerskildere hat en in ferkeard jiertal dêr by set hat.
Hansje Tjebbes Feenstra, (1844-1923). Hja is in dochter fan Tjebbe Wisses Feenstra,
kleanmakker yn Koudum, en Harmke Andries Visser.
De dochter dy’t der by stiet op de foto is Harmke (1878-1955). Hja wie troud mei Marten van Es."

Underoan op it tinkboerd stiet it.
|

|