Johan Wagenaar fan Wommels stjoerde dizze foto mei ūndersteande tekst:
"Hjirby de foto fan myn oerbeppe Lolkjen Roelevink.
Lolkjen Jans Roelevink wie troud mei Willem Gerbens Dijkstra, hja wennen yn Warkum.
Myn beppe Jap wie ien fan harren 11 bern en de mem fan myn heit Willem Wagenaar.
De āldste dochter van Willem en Lolkjen wie Klaaske. Hja troude mei Jan de Hoop en hja wennen op'e Weste yn Koudum. Op de foto stiet beppe Lolk mei de twilling Lolkjen en Martsje van omke Jan en tante Klas. De foto sil yn 1924 nommen wźze, want doe is de twilling berne. Lolkje de Hoop ferstoar yn 1974 en Martsje de Hoop is ferstoarn yn 1992. Hja binne dus nichten fan myn heit. De beppe op dizze foto is in muoike fan bakker Lolke Roelevink."