Sikko de Jong uit Ryptsjerk stuurde mij de foto van zijn pake en beppe Sikke en Hieke de Jong en schreef er bij:

Hiel tafallich kaam ikop dizze site telanne. Myn komplimenten foar de prachtige útfiering en de moaie foto’s. Om’t myn pake en beppe en oerpake en beppe yn Koudum wenne hawwe en ús heit dêr ek syn jonge jierren trochbrocht hat, komme wy elts jier wol in kear yn Koudum. Wy rinne der dan efkes rûn en sykje bekinde plakjes op. 

Us heit Tjibbe de Jong (berne yn 1910) wie in soan fan Sikke Ypes de Jong en Hieke de Jong, dy’t ferwer wie yn Koudum. Us heit hie noch twa âldere broers, nammentlik Ype en Jacob (Jaap).

Myn pake is jong ferstoarn (1926) en leit begroeven op it hôf by de tsjerke flak by de yngong nei it hôf fanút de winkelstrjitte.. Myn beppe is in pear jier letter ferstoarn (1928). Us heit syn suster Hansje is yn 1929 ferstoarn. Foar beppe en Hansje is gjin stien op it hôf set.

Us heit hat in tal jierren bakkersfeint west by Klaas de Vries.

Ut de ferhalen wit ik dat myn oerpake Ype Sikkes de Jong ek al ferwer wie yn Koudum. Hy hat it tinkboerd yn de tsjerke op'e nij skildere. Hy wie troud mei Hansje Feenstra. 

As der minsken binne dy’t noch wat witte fan dit ferwerslaach of foto’s hawwe of adfertinsjes, dan soe ik dat graach hearre.
Minsken dy't informaasje foar Sikko ha kinne him hjir rjuchtstreeks maile.

(Taheakke yn jannewaris 2009)
Myn oer-oerpake, oerpake en pake wiene skilders yn Koudum.
Harren namen wiene:
Sikke Ypes de Jong – trout mei Zeeger Sybrands Mooye út Hylpen
Ype Sikkes de Jong – trout mei Hansje Tjebbes Feenstra
Sikke Ypes de Jong – trout mei Hieke de Jong (in dochter fan Jacob Wytzes de Jong)

By it neiplúzjen fan de famyljeskiednis kaam ik in pear aardige dingen tsjin. 
Yn de Herfoarme tsjerke fan Koudum hinget in tinkboerd dêr't de wreedheden fan de Spanjoalen yn 1586 beskreaun stean. It boerd is fan 1612 mei in ûnderskrift út 1652. It boerd is restaurearre yn 1891 en it skilderwurk is doe dien troch Ype Sikkes de Jong. Der is doe in fersin troch him (?) in flater makke yn de tekst. Ynstee fan 1586 is by de restauraasje 1580 as jiertal delset op it boerd. De tekst dy't no op it boerd stiet is: 

Anno 1580
In januari op Pontiaen den XIIII dagh
in Koudum groot jammer men sagh
aen man, wyff ende kind, groot in ’t ghetal,
met hangen ende vrouwenschenden overal:
An die Peerdesteerten ghebonden voorwaer
Als honden zy naeliepen, dat is seeker en claer
Al van de malcontenten seer boos en wreet
leeden oock jonghe dochters menig verdrit
Hieraen gedenckt man wyf ende kindt
Vooral dat ghy den Heer bemindt
Myn kindt wilt ghi Gods dienaer syn
soo schickt u ter aenvechtinghe.

In foto fan it tinkboerd sa as dat no noch yn de tsjerke yn Koudum hinget

Mijn oerpake ferstjert en de ferwerssaak wurdt ferkocht. Ut de akten docht it folgjende bliken.

20 oktober 1919 des namiddags te 3 uur ten huize van de logementhouder Marten Elgersma, te Koudum verscheen voor mij Gerrit Franckena, gemeenteontvanger, handelende als mondelinge lasthebber van:
  1. mej. Hansje Feenstra, wonende te Rauwerd, weduwe van Ype Sikkes de Jong
  2. Sikke de Jong, schilder ten Engelum
  3. mej. Pietje Zijlstra en Renze Keegstra, rijksveldwachter wonende te Joure, echtelieden respctievelijk moeder-voogdes en en medevoogd van Fokje en Ype de Jong, minderjarige kinderen van Pietje Zijlstra en wijlen haar eerste echtgenoot Tjibbe Ypes de Jong
  4. Siebren de Jong, schilder te Rauwerd
  5. Harmke de Jong, weduwe van Marten van Es, wonende te Rauwerd
  6. Zeeger de Jong, wonende te Koudum

It giet dan om de ferkeap fan:
Een burger- en winkelhuizinge, met verfwinkel, bleek met tuin, open werkplaats, put met pomp, regenbak, privaat aan de Hoofdstraat, vrije steeg, sectie A, nummer 2754, groot een are en zesendertig ca en nummer 2755.

Ut de akte docht bliken dat alles hiel krekt beskreaun is. Dúdlik wurdt oanjûn wat der wol of net by heart of wat der ekstra bykocht wurde moat.
De toonbank in de winkel, de glazenkast in de keuken, de verfbank in de winkel en de kippenloop op het erf moeten door de koper worden overgenomen voor vijftig gulden.
De kleerkasten in bijkamertje en verfwinkel en het ingemetselde fornuis in de keuken alsmede alle op en aan het perceel staande stekkage en schuttingen zijn in de koop inbegrepen.
De behangselkast in de winkel, de verfwarenkast, de verfmolen, wrijfsteen en verdere gereedschappen in den verfwinkel zijn niet in den koop begrepen.


Sybren Woudstra, in timmerman út Koudum biedt op dizze feiling 3503 gûne foar it hûs.

Mar op de definitive ferkeap op 3 novimber 1919 docht Siebren Fekkes Venema, boer, yn opdracht fan Bauke Bosma, ferver út Westhim in bod fan 3958 gûne en hy is dermei eigner wurden fan it pand fan Ype Sikkes.

Der wurdt op 10 novimber 1919 ek noch in boelguod hâlden fan alles wat yn it hûs is oan hûsrie ensfh. It is kreas byhâlden wat der allegearre ferkocht is en wat it opbrocht hat. It totaalbedrach fan de opbringst wie 440 gûne en 40 sinten. Yn de ûndersteande tabel wurde in pear saken oanjûn dy’t ferkocht waarden en it bedrach wat dy dingen opbrochten.

Eierrekje

-,30

 

Dambord

1,-

 

Petroleumkan

-,35

Lessenaar

1,80

 

Bijbel

7,-

 

Klok

7,-

Turf

9,-

 

Tafelmessen

1,20

 

Karpet

-,70

Tabakspot

-,55

 

Scheermes

-,50

 

Zwilk

3,25

Looper

-,25

 

Tobbe

-,25

 

Stoven

-,85

Stoven

-,85

 

Hengelstok

-,35

 

Inktstel

-,10

Koekepan

-,85

 

Strooppot

-,45

 

Petroleumstel

-,50

bakijzer

-,45

 

matrassen

1,70

 

Gordijnen

2,80

Myn pake Sikke Ypes de Jong en syn frou Hieke de Jong wenje earst yn Inglum en komme yn 1920 werom nei Koudum. Hja hawwe dêr dan ek in ferwerssaak. Beppe Hieke is in dochter fan Jacob Wytzes de Jong.

Sikke wurdt net âld en ferstjert yn 1926, soan Ype besiket de ferwerssaak oer te nimmen mar troch leadfergiftiging moat hy der mei ophâlde. Beppe Hieke is dan ek al stoarn en de saak wurdt dan ferkocht.


Goed in jier nei beppe Hieke, op 18 febrewaris 1929,  komt dochter Hansje op de leeftyd fan 24 jier te ferstjerren. Krekt sa as har mem is hja ek stoarn oan tbc.

Op it tsjerkhôf yn Koudum stiet allinne mar in stien foar pake Sikke Ypes. Beppe en dochter binne ek op dat plak begroeven, mar der wie gjin jild om de stien oan te passen of der noch in stien by te setten. As tekst op de stien fan pake Sikke stiet 2 Korintiërs 5: 1: 

“..Want wy witte: as ús ierdsk hûs,
dat oars net as in tinte is,
ôfbrutsen wurdt,
dan hat God in gebou foar ús,
in hûs yn de himel,
ien dat net mei minskehannen makke is,
mar dat ivich bliuwt".

Us heit, Tjibbe de Jong, is dan wees as hy 18 jier is. Hy wurdt bakkersfeint by Klaas de Vries.

Sikko de Jong