|
wize: it Turnliet
Nog jong is de klub, dy’t ús allegear byndt
En wer ‘t men frjoenskip en sportgeast yn fyndt.
Ien doel for ús eachen, ‘t sij earme of ryk,
Ommers yn sportklean binn’ w’ all’gear’gelyk.
Sliep net, wurd wekker, de bâl foar it doel;
Net dreame, mar traepje, ‘t jowt ús gefoel.
Foarút mei de bâl, gjin gekliem en gedriuw:
De bâl yn it doel en fjuchtsje as in liuw!
Net klieme en skelde; for eachen it doel,
Sa moat it stees wêze; de herten dos koel.
Mar nearne belies jaen, as stiet it sims faei,
It spul kin foroarje en nimme in skaei.
Dos “Ierdswellen”op, jimme namme is goed;
Fluch as de swellen, jaen op nea de moed.
En moat’ wij forlieze, dan bûgje wij net
Mar bâlje de fûsten; it spul wurd forfet !
Set op nou jimm ’Swellen, net sloegje mear hjoed;
It doel foar jimm’ eachen, dan giet it fêst goed.
Lit jimme nea lompje; sjoch út nei de priis,
Dy ‘t wis jimm scil winne, oers is it in griis.
Wij kinne it winne, as elts docht syn bêst
Dos winne, dat ‘s doel, dat hâlde wy fêst !
Dan komt it yn oarder; de Ierdswel hâld fêst
En Koudum ta eare, der ha wy ús nêst !
(de lêste fjouwer rigels fan elts ferske twaris
sjonge.
Johannes Hoekstra
|
|