|

Naar
het skûtsesilen
Het motorbeurtschip de "Geertruida III" van Wytze de Jong is met publiek naar het
hardzeilen op de Fluessen. Het muziekkorps "Richard Holl" is mee om met
hun muziek de fleur er in te houden.
(Foto's uit de collectie Gerhard Koopmans)
Oernommen
út "Koudum fan doe en nou" fan G. Koopmans:
NOCH IN SKIPSRAMP.
't Wie de 9de maert 1926, op in tiisdei. Wytse de Jong, de Koudumer
beurtskipper, hie mei syn trije soannen mei syn motorskip, de Geertruida
III, nei Snits ta west. It rom hie er noch al hwat fé yn: 6 kij, 4 bargen en in stik of 10 biggen. En fierders noch al hwat
kunstdong en moal.
It wie striemin waer en it waerd noch minderoan. In fûleindige westewyn gûlde de mar oer. len gelok noch! Se wienen op sleeptou nommen troch de Himmelumer boat mei as kaptein Haitse Zeldenrust. Dy foarop en dêroan fêstmakke de Geertruida 111, sa
brûsden se de Heegmer mar oer. It like der op of soe nou alles noch goedkomme en soenen se it sûnder ûngelokken rêdde. Lykwols de wyn helle al mar oan. Dat it waerd sa njonkenlytsen needwaer. Doe ornearre Wytse de Jong: "Nei de Heidenskipster
wâl. Dat soe ús gelok noch wolris wêze kinne". Dat doe dêr op ta. Noard-west
oanhâlde, faeks dat se it dan rêdden. Lykwols 't mislearre. Se wienen noch mar in
600 m út'e wal of de boat strûpte der ûnder. Rienk, ien fan Wytse de Jong syn soannen, wie yn 'e masinekeamer oan it koperpoetsen, doe't it wetter ut'e mar him oer it mad kaem. Hurd, hurd sjen om boppe te kommen, op'e mêst dy't plat lei of op 'e stjûrhutte, hwant dat wienen grif de iennichste dingen fan it hiele skip, dy't it langst boppe wetter utstieken. En dat slagge. Dat
hy en
syn heit en de beide oare bruorren heal yn it wetter en heal der
út. En ek de passagier, de iennichste, dy't se op dat stuit hienen, nl. Sipke Glashouwer, dy't yn Koudum in krudenierswinkeltsje hie en sa goed as alle tiisdeis mei harren nei Snits tasette: winkelguod ynslaen by de grossiers. Aldergeloks wie Haitse Zeldenrust syn boat fuortby. Dy nou helle de mannen fan de Geertruida en naem se mei de kant
út nei de Dammen ta.
It wie in ramp: it fé fordronken en de deis dêroan bidobbe yn it stik bou (nou boskje) njonken Jan Haitjema to Koudurn. Meiinoar wol
in f. 2500,-- skea. En dat yn dy tiid! It jild wie doe ûnwitend folIe mear wurdich as hjoeddedei.
Dyselde wyks noch, de sneons, is de boat wer boppe wetter helle en nei de helling ta brocht. It neisjen en sa gyng in 6 wike mei hinne. Ien gelok: Johannes en Age Feenstra beaën oan yn dy tiid har boat to brûken. En sa koe nettsjinsteande it greate en kostbere ûngemak de fortsjinst
trochgean.
(it bewuste boskje wie dêre
wer't no Weste en Wjukslach by elkoar komme)
|
|